Jacobus Q. Smink

Diehard

logo.ensafh

ik ha om wurdmennich socht
  mar swij mar by de stien
en sa te stean hjir noardwestlik
  nei it easten alle stiennen stean

ik skriem net om de teksten noch
  om al dit granyt lit ik myn trien
en no alle nammen tweksit
  út it easten wei gjin wizen gean

ik bin ien dy´t ris in stientsje fynt
  dat achterlit as tonkje fan fjoer
rjocht ûnder ‘t ferlitten krús

ik tink mei nocht oan jo himelfeart
  mar dat ik as koekje jo droech
brekt my it kâld swit fan út

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *