Koos Tiemersma

Reaksje Tiemersma op diskusje Kingma/Oppewal

logo.ensafh

Lang = poer?

In koarte reaksje op de diskusje tusken Sigrid Kingma en Teake Oppewal

Ik sil besykje koart te kriemen, oars tinkt Sigrid Kingma fan my ek noch dat ik ‘poer’ bin en har ‘in snotaap’ fyn. Earlik sein sjoch ik it kausaal ferbân net hielendal, ik tink earder dat Teake Oppewal in saaklike reaksje op in ûndersykje jûn hat en dat Sigrid Kingma dêr op de ien of oare manier net mei út ’e fuotten kin, ek sjoen har fierder wat warrige reaksje. Oppewal docht nammentlik wat de warbere studinten neilitten hawwe en dat is de konklúzjes dy’t men (wat al te hastich?) loek tsjin it ljocht hâlde.

De Frysktalige skriuwerij sit yn swier waar, dêr is elk it wol oer iens. Sa’n konstatearring hat neat mei pessimisme te meitsjen, sa’t Kingma skynt te tinken, it is gewoan de realiteit. Benammen Oppewal syn útspraak oer in takomst mei Frysktalige literatuer yn POD-foarm set by har it hier oerein: Kingma kin har net yntinke dat it sa gean sil. Dêrmei jout se oan net alhiel op ’e hichte te wêzen mei de aktuele situaasje wat it útjaan fan Frysktalige boeken oanbelanget. Utjouwers sitte finansjeel hjoed-de-dei sa oan krapper ein, dat oeral op besunige wurdt en net in bytsje ek. Konkreet betsjut it dat redaksje, foarmjouwing en promoasje fan Frysktalige literatuer fierder ûnder druk komme te stean en dan ha ’k it noch net iens oer it útjaan fan nije (en dus ûnbekende) skriuwers. Direkt gefolch is ek dat it opkeapjen fan boeken troch POD-útjouwers, sa’t Kingma hawwe wol, in moaie yllúzje is, dy’t trouwens heaks stiet op it wêzen fan ‘Printing On Demand’. Of oars sein: it útjaan fan Frysktalige literatuer op de tradisjonele manier sil yn rap tempo minder fanselssprekkend wurde as Kingma c.s. hawwe wolle.

Mei Sirkwy wurde nije mooglikheden fan útjaan en promoasje ûndersocht, net mear, net minder. Oft it omskeakeljen nei de POD-útjefte it antwurd is falt te betwiveljen, mar it is grif ien fan de mooglikheden om de Fryske skriuwerij op ’e gleed te hâlden. It e-boek biedt ek kânsen, lykas, om mar ris wat te neamen, it harkboek. Allegear foarmen dy’t wichtiger wurde sille neigeraden it ‘gewoane’ útjaan (noch) mear nei de achtergrûn ferdwynt.

It is yndied de keunst yn dit stik fan saken in oansprekkende formule te finen. Sirkwy mei om dy reden net sjoen wurde as ‘in aardichheidsje’, mar kin sjoen wurde as in stapke yn de goede rjochting, in ferkennen fan mooglikheden. Lit ús dêr wiis mei wêze, neat dwaan kin altyd noch.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *