Geart Tigchelaar

Fol túch de mist yn fan Hidde Boersma: ‘Wêrom net?’

logo.ensafh

Hidde Boersma komt nei syn poëzijdebút De rop om Doede, dêr’t benammen it lyknammige gedicht in soad bekendheid fan krigen hat, no mei in ferhalebondel. It Doedeisme dêr’t De rop om Doede yn persoanifisearre wurdt, krijt alhiel syn gerak yn Fol túch de mist yn.
It Doedeisme is sa’t de achterkant fan it boek fermeldt: ‘de filosofy fan libje folút: nim dyn gemak.’ It kredo ‘wêrom net?’ is de ik-persoan op de lippen bestoarn. Mei sa’n libbensynstelling kinne je mei fol túch de mist yn, sa’t de titel al oanjout. Mei oare wurden, je sjogge wol wêr’t it skip strânet, en fan dêrút sjogge je wol wer fierder.

Yn it boek steane 36 ferhalen, mar je gefoel seit by it lêzen dat it der wol mear wêze kinnen hie, want Hidde Boersma sit fol mei anekdoaten. It earste ferhaal yn it boek, ‘Sesame open you’, dat tagelyk as in soarte fan oanrin/ferantwurding is, seit er dat ek mei namme en tanamme: ‘Likegoed hie ‘k noch mear markante en bysûndere lju opfiere kind.’ (s. 7). Dat hie er net perfoarst sizze hoegd, om’t it út de ferhalen al mear as dúdlik wurdt dat wy hjir mei in ien te krijen hawwe dy’t graach fertelle mei. Sa ferwurket er ferskillende belibbenissen yn it earste ferhaal om dúdlik te meitsjen wat markante persoanen en de dêrby anneks geande avontoeren er noch mear opfiere kinnen hie. As dúdlik foarbyld fan dizze fertellust helje ik in frijwat lang sitaat oan út in oar ferhaal, ‘In drúf op elke klokslach’. Hjir sitte ek oare eleminten yn dêr’t ik aanst op weromkom.

We strune de berch del en sjogge earne tusken de beammen in dakje. Dêr mar hinne. As wy tichterby komme, liket de boel dêr ticht. Teloarsteld rinne we dochs mar fierder, je witte mar noait wat der om in hoeke is. Fanefter in konifear komme twa lju om ‘e hoeke. Ik moat even mei de eagen knipperje, mar it is echt sa, it binne werklik Proai en Rôver. Nuveraardich. We begroetsje inoar as ferwûndere zomby’s. Eins is der neat te rêden. As is it mar gewoan om inoar op sa’n nuver momint tafallich tsjin it liif te rinnen. Al moat ik sizze dat je der mei de jierren hieltyd minder frjemd fan op sjogge as je soksoarte fan tafal meimeitsje. It went. Sa rûn ik ris op de dei nei keninginnedei mei it Fjoer, de Stuntman en in famke troch it Vondelpark. It siet der grôtfol, oeral groepkes minsken. Earne yn ‘e fierte seach ik it grien fan in leech plakje op it gers. We rûnen der yn in rjochte line op ta. En doe’t ik sitten gean woe, seach ik rjocht yn it gesicht fan de Stuiterbal. ‘Hee man,’ sei er as hiene we ôfpraat, ‘jointje?’

(s. 115)

Dit ferhaal giet der oer dat er mei guon lju yn Spanje is om dêr de jierwiksel te fieren. De lju dy’t yn Spanje wenje, Proai en Rôver, binne hja kwyt rekke en yn dizze passaazje komme se elkoar stomtafallich tsjin. By it fertellen fan dat foarfal, komt de skriuwer in lyksoartich gefal yn ’t sin, dat der fuort achteroan plakt wurdt. Men kin tsiere oer it nut dêrfan, it foeget oan de ferhaalline net in soad ta. Mar it is eksimplarysk foar de ferteller. It iene lokket it oare út en Boersma kin it net litte om dy oanbelangjende anekdoate te fertellen. Je krije dêrtroch earder it idee dat je net in boek lêze, mar ien je it ferhaal foar de fûst wei op ferteld. Dy ferteltrant is typearjend foar it boek en ek it moaie der oan.
Yn boppesteand sitaat komme ek markante persoanen foar. Dat is tenearste al dúdlik oan de nammen fan de personaazjes. Wy komme ‘Proai’, ‘Rôver’ (dy’t dus beide by elkoar hearre!) en Stuiterbal tsjin. Mar fierders yn it boek steane ek Lytse Grapkes, Sturt ’n Bealch, Mr. Yes en neam mar op. It binne altyd underdogs, minsken dy’t op ‘e râne fan de maatskippij libje. Fakentiids artisten dy’t it libben libje sa’t it harren op it paad komt, it binne dus eins allegear Doedes, sa kin men sizze. Der wurdt wat ôfdronken en ris in jointsje rookt. Drok meitsje om stúdzje, wurk, húshâlding of sokssawat sit der net by. Hja hawwe in soad wurdearring foar it libben en meie graach (it libben) observearje. Dêrby wurdt prachtich en proast as alliterearjend wurdpear gauris brûkt. De Doedes fan no, binne de hippy’s fan eartiids.
It aspekt fan tafal spilet in grutte rol yn it boek, yn de oanhelle passaazje giet it om in tafallige moeting. Yn it earste haadstik wurdt al út ’e doeken dien dat: ‘Yn ferskate ferhalen yn dit boek spylje soksoarte fan tafallige moetingen en gearrinnende omstannichheden in rol.’ (s. 9). De ferhalen binne yndied op tafallichheden basearre en de persoanen litte harren dêr troch liede. Moai ferwurdet Boersma dat yn de folgjende passaazje: ‘…wêryn’t it tafal ús earst wat tsjinsiet, om ús letter júst op ‘e hân te wêzen.’ (s. 10). It lot kin je tsjinsitte én op ’e hân wêze. It tafal yn de brûklike sin fan it wurd net. Dat Boersma hjir in moaie fingerwizing makket, makket dúdlik dat er net leaut yn it lot, mar dat it tafal is. Tafal is hjirmei dus eins it doel, mar om’t it tsjin in konkreet doel yngiet, is it dat ek wer net. Snapst it noch? Lês it boek en it wurd dy dúdlik.
Fierder geand mei fingerwizingen komme wy op it brûken fan taal. Boersma boartet dêrmei, wat it lêsgenot befoarderet. Ik helje wer in eksimplarysk sitaat oan: ‘Hy sjocht nochris fan opside nei Henry en seit wat lullichs. ‘Hey!’ sis ik, ‘Leave him alone. I think you’re a pussy.’ (s. 67). De tsjinstelling tusken ‘wat lullichs’ en ‘a pussy’ is te moai om hjir net te neamen. It boek stiet fol mei ditsoarte fan aardige taalboarterijkes, mar ek aardige ferlikingen dêr’t nei myn betinken de dichter yn trochskimeret: ‘geandewei de tiid wasket har ellinde as juttersguod ús tinzestrân op.’ (s. 164), ‘want ik koe him rûke mei de eagen.’ (s. 70), ‘se is in libbensdrenkeling dy’t dobberet op de rêdingsboei fan it leauwen.’ (s. 92). De ferhalen, dy’t op it earste gesicht net hiel djipdollend binne mei’t hja net in yngeand doel foar eagen hawwe, wurde mei ditsoarte fan útlittingen dochs hiel aardich opsnolke. En dêrby is it net altyd ‘what it seems’. Tafallichheden en op de skobberdebonk libje, kin wol deeglik ta ferdjipping liede. It hiele boek is eins in beskriuwing fan Boersma syn libbensfilosofy. En de skriuwer ferstiet de keunst fan it moai opskriuwen dêr fan.
Lykwols sit oan de nocht oan fertellen en it moai sizze wollen ek guon minpuntsjes. De lange oanhelle passaazje oan it begjin is dêr in goed foarbyld fan. Boersma set himsels wolris fêst. Yn dy passaazje komme hja elkoar tafallich wer tsjin, der stiet dat hja ferwûndere binne, mar de folgjende sin skriuwt er dat der eins neat te rêden is as wie it gewoan om elkoar sa tsjin it liif te rinnen. Boppedat, tafallichheden wenne. Dat ferwûndere wêze is hjir dêrom ynkonsekwint. Spitigernôch steane der mear soksoarte gefallen yn it boek. Yn it (langste) ferhaal ‘Skûlje yn ’e moardkûle’ is de ik-persoan mei Schlagermann en Fjoer fan Siden nei Turkije. Hy komt ta de konklúzje dat froulju mei in holledoek dêre normaal binne en gjin toerist, sa’t dat yn Nederlân al it gefal is. Mar dan folget der in sin dat er guon fan sokke famkes Nederlânsk praten heard, en dat hja dus ‘krekt sa farsk omstappe as ik sels’. (s. 160). Dat binne dus blykber krekt al toeristen. Dat wriuwt mei it foargeande en dêrmei wurdt it net altyd dúdlik wat er krekt sizze wol. Dy ûndúdlikheden hie er sels (of in oar) foar publikaasje ris goed oersjen moatten. It nochris oergean jildt ek foar de taalflaterkes. Der sitte hjir en dêr (benammen yn it ferhaal ‘Ich bin ein cowboy’) tefolle yn om je der net oan te steuren.
Op oare plakken is it net altyd dúdlik wat er krekt bedoeld. Yn it ferhaal ‘Skûlje yn ‘e moardkûle’ dat him dus yn Turkije ôfspilet, sitte hja op stuit op in terraske. Katten strune dêr frij om en der springt sels ien op in stoel. De ik-persoan en de oaren fine it moai en smite de bisten fisk ta. Dan skriuwt Boersma: ‘It fielt wol as it echte libben, sa mei dy strunende skimen tusken de tafels.’ (s. 151). Wat no ‘it echte libben’ dêrmei te dwaan hat, is my net dúdlik. In pear siden fierderop yn it ferhaal skriuwt er dat hja ynienen yn in oare realiteit komme te stean. It ferbân mei it foargeande; skitende dowen yn deade beammen, folgje ik lykwols net. As Lytse Grapkes en de ik-persoan kanofare sille, komt Lytse Grapkes mei in grutte flesse wetter oan. In oerstallige opmerking, want dêr komt er net op werom.
Noch in koart wurd oer it kaft. Dêrop is in skilderij ôfbylde fan de hân fan Klaas Lageweg, mei dêrop Jan Elmendorp. In markant persoan út Ljouwert dy’t yn ‘Statler en Waldorf’ ten toaniele fierd wurdt. In typysk gefal fan it nimmen sa’t it komt en dêrmei slút it omskot moai by de ynhâld oan. Foar mear kohesy yn it gehiel soarget Boersma sels oan ’e hân fan yntertekstualiteiten. Titels fan ferhalen komme hjir en dêr mear foar yn oare ferhalen. Dat jout in moai gehiel, it gefoel dat wy te dwaan hawwe mei in aardich kompositoarysk boekwurk.

De punten fan krityk meie hinnebruie wannear’t je Fol túch de mist yn lêzen hawwe. Wat oerbliuwt binne in tritichtal aardige ferhalen dêr’t je sa no en dan rekke wurde troch de filosofyen en útlittingen dy’t by it Doedeisme – better sein, by de skriuwer – hearre. De opset en ideeën fan ’e ferhalen binne útsoarte itselde. Lit my sizze dat se deselde tematyk hawwe, mar de ferhalen binne fariearjend genôch. De ik-persoan fersilet de iene kear mei in bepaald persoan dêre en de oare kear mei in oarenien hjirre. Te faak hawwe je mei ferhalebondels te dwaan dat je it nei tsien ferhalen wol leauwe, dat is mei dit boek net it gefal.
De ferhalen binne skreaun út eigen ûnderfining wei en binne dus om sa te sizzen sketsen út it libben. En sa’t it mei it echte libben is, sit der net altyd in kop en sturt of klû oan. Minsken dy’t graach ferhalen lêze dy’t dat al hawwe, hoege dit boek net oan te tugen. As je dan sizze, dan kin ik ek wol sa oer myn libben skriuwe, sil dat fys ôffalle. Boersma hat each foar it lytse en it aparte. Ut de lytste dingen kin er in soad wille helje en dat is oandwaanlik hoe’t er dat op de lêzer oerbringt. De underdogs oan ’e râne fan de maatskippij krije in gesicht yn Boersma syn boek en nei it lêzen fan it boek silst oars nei harren sjen.
Boersma hat ien langer ferhaal, dat him yn Turkije ôfspilet. Dêrút docht bliken dat er ek stoffe hat dêr’t er langer oer fertelle en sa mear útdjipje kin. Dat prikelet myn nijsgjirrigens nei in eventuele roman fan dizze skriuwer syn hân. Ik soe sizze, wêrom net, want Fol túch de mist yn smakket nei mear.

Hidde Boersma
Fol túch de mist yn
Friese Pers Boekerij 2010
ISBN 978 90 330 0921 1
Ferkeappriis: € 17,90

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *