Foppe Venema

Troch de skodoarren: Francis Jammes (1868-1938)

logo.ensafh

Jammes, in dichter út ’e Atlantyske Pyreneeën, publisearret begjin jierren ’90 in tal bondels sûnder folle sukses. Dat er yn 1897 ynienen bekendheid kriget, komt troch syn manifest It Jammisme yn it tydskrift Mercure de France (Frâns kwiksulver), dat in reaksje foarmet op ’e floed oan literêre manifesten en ‘-ismen’ ein 19de iuw. Fral de nije moade, it neffens him keunstele symbolisme, moat it ûntlije. Hjir folgje inkelde fragminten, dy’t no âldfrinzich oerkomme, wat de rol fan ’e frou oanbelanget:

 – Ik bin fan betinken dat der mar ien skoalle is: dy dêr’t dichters yn lykje op netsjes skriuwende bern en hiel sekuer in moaie fûgel, in blom of in jongfaam mei betsjoenende skonken en robúste búste werjouwe.Lês fierder

Ineke van der Heide

Fier fuort mei ‘Fiere Wake’!

logo.ensafh

Mei in druk op de knop rûgelet it boatkaartsje út ’e printer, Duinkerken- Rosslare. Twa folwoeksenen, Willem en ik, en ús kampearkamperke. No is it echt. We gean nei Ierlân!
In boek fan in Ierske skriuwer yn Ierlân lêze, dêr hâld ik fan. It kin noch moaier. Sûnt foarich jier bestiet der in Frysk boek oer Ierlân. ‘Fiere Wake’, Ierske gedichten en reisferhalen fan Syds Wiersma. As in geskink út ’e kadootsjedoaze! Dat boek moast mei nei it lân fan de shamrock.

Waterford, tiisdei 17 juny 2025
Dêr’t eartiids de trein ried om it kopererts fan de Coppercoast nei de haven fan Waterford te bringen, leit no in flak fytspaad.… Lês fierder

Jemke Visser

Autumn Leaves

logo.ensafh

Sa no en dan driuwt nostalgy my nei Turkije en Grikelân. Wat sei …? Skrik net, ik bedoel in twatal boskperselen op it eardere lângoed fan State ‘De Klinze’ by Âldtsjerk.
De aadlike famylje Van Sminia hiene dy, benammen bedoeld foar hakhout, oanlizze litten fia lukrative Turks-Grykske obligaasjes, dêrom de nammen.
Myn pake as boskwachter, myn heit en syn bruorren as túnkers wiene yn tsjinst fan de Van Sminia’s, dy ’t se ek holpen by it jeien. Letter hiene se sels in grutte kwekerij efter Stania State yn Oentsjerk.
Yn ’e simmerfakânsje útfanhuze ik by de twa omkes en tante, alle trije frijfeint en – faam bleaun.… Lês fierder

Henk Nijp

P&R – De oanhâlder wint

logo.ensafh

Doe’t ik fan ‘e moarn de bank-app wer ris iepene stie it der einlings op, it bedrachje dêr ’t ik noch rjocht op hie. Yn Amsterdam draaie de amtlike moles nammentlik ek net bepaald  full speed. Dit foarfal begjint op in waarme simmerdei yn july.
Wy soene in dei ekstra te húswarjen yn Amsterdam, by de bernsbern. Om’t wy de hiele dei wol besteld wêze soene, moast de auto mar wer nei  Park and Ride, Zeeburg II, want yn Amsterdam op ‘e dyk parkeare is in knap djoer grapke. Yn ús gefal soe it op mear as € 45,- útkomme. Femke hat it net sa op auto’s yn ‘e stêd en earlik sein, jou ik har dêr gjin ûngelyk yn.… Lês fierder

Duo von Däniken

Triennen yn myn glês

logo.ensafh

Duo von Däniken sjongt de blues…

 

Klik op ‘e foto foar de muzyk

Triennen yn myn glês

Triennen yn myn glês
Wyn fluitet om myn hert
Ik drink mar op dyn namme
Do komst net werom

Triennen yn myn glês
Triennen yn myn glês

Dit hûs komt my frjemd foar
It is sá kâld en leech
Skjinne J slút myn eagen
Do bist no myn freon

Triennen yn myn glês
Triennen yn myn glês

Myn siel wol in bytsje rêst
Ik drink mar op dyn namme
Do komst net werom
Ik bin in minske sûnder doel

Triennen yn myn glês
Triennen yn myn glês
Ik gûl…
Ik gûl…… Lês fierder

Giny Bastiaans

Hege need

logo.ensafh

Ik skode mei myn oploege winkelkarre by de kratten bier en frisdranken del en at it dêr no fan kaam, fan al dat wiete spul, ik wit net, mar ynienen fielde ik dat ik foar’t ik fan hûs gien wie, earst noch nei it húske moatten hie. Koe ik it lang lyn mei wat taknipen noch in aardich skoft folhâlde, op dizze leeftiid slagget dat net mear. Wat soe ik dwaan? Karre steanlitte en freegje at ik it húske eefkes brûke mocht? En wêr’t dat dan te finen wie? No ja, ik wie klear mei de boadskippen, ik koe wol nei de kassa en dan tagelyk myn koarting fan de Postkoadelotterij ynleverje.… Lês fierder