Jelma Knol

Geleefd geloof

logo.ensafh

Geleefd geloof: by de gewoane man en frou thús

Ik sit al dagen yn in nij boek om te lêzen en fral ek moaie plaatsjes te besjen en fansels giet dat boek hielendal net oer nijichheden mar krekt oer ús mienskiplik ferline, mear as fiifhûndert jier lyn: it deistige libben en de spirituele aspekten dêrfan yn de midsiuwen, yn Fryslân en de Ommelannen. Geleefd geloof is de titel fan dit meinimmende boek, dat skreaun is troch ûnder oaren Anneke B. Mulder-Bakker, Rolf H. Bremmer Jr, Sible L. de Blaauw, Renée Nip, Kathryn M. Rudy, Susanne de Jong, Lianne van Beek en Elvira Ambrosius.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Bert goes woke

logo.ensafh

Bert Looper ferlit Tresoar as direkteur en it is by myn witten noch net bekend wa’t him opfolgje sil. Nee, ik wurd it alteast net. Yn in petear fan 28-08-2021 mei it Frysk Deiblêd docht Looper in stikmannich opfallende útspraken. Ik haw der noch net ien oer heard, nuver genôch. Dan moat ik sels mar. Ik sitearje efkes, mei myn kommentaar derby:

‘Wat Tresoar in ieder geval wel beter moet doen, vindt Looper, is het aanspreken van jongeren en niet-Friestaligen. Yn sekere sin is Tresoar eksklusyf om’t it sa Frysktalich is. Dus hoe kinne wy ynklusiver wurde?’ Draait Looper hjir de saken net om?… Lês fierder

Lomme Schokker

Paradysferhalen

logo.ensafh

Dit jier hie it Frysk Selskip fan Sneinsskriuwers (d.w.s de ôfdieling Om utens, krite Haarlem-Leien, seksje Proaza, subseksje Kollums en Koartproaza) har hjerstgearkomste yn útspanning Eldorado krekt bûten Haarlem. Yn de folksmûle hjitte dit pleisterplak eartiids ‘De Stinkende Emmer’ omdat it de stamkroech wie fan hûnderten fiskersfroulju dy’t nei it útsuteljen fan harren negoasje yn de stêd op de weromreis nei Zandvoort hjir faak in smûk brandewyntsje snipten. Dizze middei sieten wy mei ús fiven op it terras oan tee mei in moalkoekje, seagen wy rjochting de dunen út oer it idyllysk lânhûspark fan Elswout en gie op myn fersyk it petear oer hokker foarstelling fan saken elk fan ús hie by it begryp ‘eldorado’.… Lês fierder

Henk Nijp

Boartsje mei fjoer

logo.ensafh

Op ‘e radio gong it oer gemyske brânwûnen, skroeide netfluezen, losrekke fingerseinen en geduerich piipjende earen. It is wer novimber, guon krije it dan op ‘e heupen en oaren hiene dêr fan ’t hjerst al folle earder lêst fan. In jierliks weromkommend ritueel is it. De earste hûnderten kilo’s oan yllegale fjoerwurkpakketten binne dan alwer troch de plysje ûnderskept en dêrmei wurdt de fjoerwurkdiskusje op ‘e nij yn it skynljocht setten. As oft wy noch net mei genôch drege diskusjes oanklaud sitte…
Oan it wurd wie in eachsjirurch dy’t de neidielen en gefaren fan de kobra’s, de fonteinen, de single shots, fjoerpylken en neam it fierder mar op noch wolris út ‘e doeken dwaan woe.… Lês fierder

Anne Feddema

Eben-Haëzer

logo.ensafh

In bytsje dwyl yn ’e holle sit ik op ’e fyts. Ik bin op wei nei de teststrjitte yn wer in oare strjitte, in lokaasje dêr’t eartiids in boumerk yn siet. Mûlekapke foar, kom ik de grutte romte binnen en sjoch fuort de minsken dy’t dêr op my wachtsje en net allinne op my fansels. Mar it is der net drok en ik kin sa trochrinne foar myn ôfspraak. Se hawwe allegearre deselde soart beskermjende klean oan mei brillen op en spatskermkes foar. It liket hast wol oft ik bedarre bin op ‘e set fan in film mei in apokalyptyske grûntoan, dy fan firus en it oanjeien fan sykten.… Lês fierder