Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i. | 12. Petrus Baardt (1590- 1644)

logo.ensafh
Petrus Baardt: Fryske Boerepraktika

IV. Fan de fjouwer tiden fan it jier (EIN)

No is der jitte mear te dwaan,
dêr moatste wakker acht op slaan,
de fjouwer tiden fan it jier,
pas dêr sa nau op as in hier,
dêryn bestiet de measte keunst,
dyn wolfeart en lânhearre geunst.
As it foarjier wiet en fochtich is,
dan slacht in hûsman wolris mis,
dan rottet yn ´e grûn it koarn,
dyn wintersie rekket bedoarn,
dan wurdt dyn lân, en ikelwâld,
en ponge leech, de boksen âld.
Smyt dan de ploech der daalks yn
en skuor de grûn, by sinneskyn.
Is it foarjier al te kâld en spits
en droech dêrby, en wûnder fits
en is de nije moanne yn it ein
mei froast en ryp of izige rein,
dan is de greide in drôvich oard,
dan wurdt it allegearre smoard,
dyn earte en beanne binne út it set,
dyn weet, dyn koarn en wat al net,
dan stekt men winters turven oan
en lânfrou tsjocht de klompen oan,
dan rint de tersker troch it gea,
dan bakt men beannen yn it brea,
dan wurdt it bier te Ljouwert djoer,
dan moat dyn sûpe en waai op it fjoer,
to summarize, in djoere tiid
as it foarjier is net al te bliid.

Lês fierder