
‘Do kinst sa moai oer lytse en gewoane dingen skriuwe,’ dat seit of skriuwt my gauris ien.
Ja, dat sil wol, tink ik dan, mar dat doch ik dan meastentiids om’t ik op dat stuit net oer gruttere saken skriuwe kín. En earlik sein kin ik my skoan fermeitsje mei it lytse libben. Mei de fûgels, goeie freonen, de natuer, moaie muzyk, lytse bern, in krante of in boek.
Der binne fan dy dagen, at ik dan oer it gruttere skriuwe soe, bin ik bang dat ik plof. En dan ha ’k it fansels oer de polityk. Ik kin it bytiden ek net mear folgje, of ik wurd lilk of fertrietlik fan alle ûnsin, skellerij en leagens dy’t wy somtiden te hearren en te lêzen krije.… Lês fierder