Geart Tigchelaar

Netflix-searje yn boekfoarm

logo.ensafh

Willem Schoorstra hat foar dit jier it Fryske kadoboek mei de titel Rosmos skreaun. Suver elkenien ken Schoorstra fan syn histoaryske romans oer de lêste Fryske kening (Rêdbâd) en Grutte Pier (Pier) en foar syn lêste roman De nacht fan Mare hat er de Rink van der Veldepriis wûn. En oars is de namme grif bekend as kollumnist by de Omrop; alle tiisdeitemoarnen is de skriuwer fia de radio te hearren.

Schoorstra hat mei Rosmos in flot en retespannend boekwurkje skreaun dat men yn ien sike útlêst. De lêzer falt fan it iene foarfal yn it oare, ferfele docht it boek sadwaande nea.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

by de earstfolgjende krusing rjochtsôf

logo.ensafh

 

de swolm mei gelokkige fiskjes swimt
him yn soppige ieren troch fruchtber fleis

dêr’t de poat in gewillige krún oplein wurdt
glimket it holtsje mei safolle tagedienens

skulfers út syn mouwen rûgelje rûnom
dêr’t er komt sjonge de muorren syn lof

de fiskjes lizze djoere kaviaar yn skroatum
roppich slikje wy ús fernoege om ’e mûlen… Lês fierder

Annemette Kure Andersen, Geart Tigchelaar

Annemette Kure Andersen

logo.ensafh

https://youtu.be/jb0b5dIn3Gg

Dichter: Annemette Kure Andersen
Kamera, bewurking en ûndertiteling: Geart Tigchelaar

De tredde út in rige koarte filmkes dêr’t Deenske dichters yn oan it wurd komme oer wat it foar harren betsjut om dichter te wêzen.

Yn Youtube it ikoantsje ‘Ondertiteling’ oanklikke foar de Fryske ûndertiteling.

*

VIII

Der wurdt sein dat in klaver
mei fiif blêden ûngelok
bringt ik moat tajaan dat
ik de hiele simmer lang
in fiifklaver meidroegen haw
yn myn bûse fan myn fest
wat no as ik hiel
foarsichtich fuorthelje in
inkeld blêd soe it gelok
my dan folgje as in
flinter dy’t besiket
om te fleanen mei syn heale
wjokken

Oersetting Geart Tigchelaar

VIII

Det siges at en kløver
med fem blade bringer
uheld jeg må tilstå at
jeg hele sommeren har
båret en femkløver i
lommen på min trøje
hvad nu hvis jeg ganske
forsigtigt fjerner et
enkelt blad vil heldet
så følge mig som en
sommerfugl der søger
at flyve med sin halve
vinge

 

Ut:
Fraktur
Borgen 2000
ISBN: 9788721012908… Lês fierder