Ruurdtsje de Haan

Libbensbeam

logo.ensafh

Soenen se wol witte wolle
wa’t hjir my is yn dit hearehûs,
de wite ingels yn wifelljocht
mei it lege buordsje neist de doar?

Yn de kelder fyn ik gjin gehoar
mar frjemde tikken op ’e estrikken,
fjouwer doarren en ien derfan op slot,
skoftige skaden op griis granyt.

Boppe wennesto, yn kjeld en spyt
moat ik trije slingertreppen gean
en kin dy nea ferraskje, hymjen
op de eftergrûn fan ús gepraat.

Nei ûnderen bin ik op ’en paad
troch de jellengongen nei de hal.
De doar is breder as in deakiste,
in libbensbeam groeit út it rút.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

dat each fan my

logo.ensafh

de raaf oan de loft
de do yn de nacht
de pod op ‘e râne
de fisk yn it djip

de sinne makket in V
de moanne wurdt planeet
de grûn libbet fan leafde
de see smyt in hynder

de gerzen rinne oer
de blommen dûke ûnder
middenmank it libben
ferwûndert him in stjer

Skreaun by ‘Verbum’ fan M.C. Escher

verbumLês fierder

Ruurdtsje de Haan

Hein ús yn de hân

logo.ensafh

Dizze ierdbal is fan hout, útsnien 

binne de seeën fol fisken, de finnen
it lân. Harren bolle koppen stekke
ta it wetter út, it duorret net lang
of de iepen mûltsjes snippe
buollen út de loft. De tiid woe
poatsjes bernje. Safier kaam it net

– ingels hawwe wjukken en
dogge de hannen gear, duvels
drage flearmûsflerken en
slaan de kloeren út –

want wa boartet der mei?
De hoallefoaljende fisken
ferslite it waarme hout
fan de lytse sinne. Finnen wine
har yninoar, reitsje fertyske en
de bedragen wrâld ferdjert.
Immen ferbruts it heinen en fangen.

 

Skreaun by ‘Bol met vissen’ fan M.C.Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

In ferluchte hert

logo.ensafh

Yn fûgelflecht glydzje sûnder fûgel
te wêzen en de fleanende rigen pompelieren
lofts en rjochts flakken wyt en wegens swart
yndiele te sjen. In tsjerke wurdt in krús,
mûnen toppen en in fabryk smookt
swiere sigaren mei grize kegels.

Under my hat de wrâld him deljûn.
Fêst lizze boaten roaste yn rivieren,
it wylde wâld leit yn sliep koeze
troch poeier. De wyn bocheljaget
mei de propeller, de noas wurdt
swier en stadich kringt de stiltme
binnen. De pompelieren suchte.… Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

Oan bannen

logo.ensafh

Om dit oerflak linige grinzen te jaan
snij ik it lân yn rûnten en rútsjes.
Sa tekenje ik in besletten fjild
fan beskate ôfmjittings. De figueren drage
ûneinige grinsleazens yn harren winen
en kearen. Ik kuereagje ferbline nei
de wite fiver, ynienen dûkt der in fisk op,
do, in hagedis, ik, en dan in pear
salamanders.

Us lotten lizze sânresom tsjerkere
en bandige oan de stjerren en planeten
fan dit oerflak, wy swimme rûntsjes
om de ruten fan dit papier. Nea sille wy
der los fan komme, it begjin wie
myn hân en hieltyd skûlet de frijheid
oan de ûnderkant.


Skreaun by de houtfyk Sky and Water út 1938 fan M.C.
Lês fierder

Ruurdtsje de Haan

it byld is sa tear

logo.ensafh

ik ken de grinzen net, de wrâld is rûn
en dochs driuwe der blêden op it oerflak,
falt der in beam yn it wetter dy’t him niis
noch oan de râne befûn. in fisk sjocht mei it iene
each omheech, in karper is it, de kleuren

timpere troch de skaden om de mar.
ik ferbyldzje my in wrâld mei alles ynien:
in himel wjerspegele yn it wetter, in grûn
dy’t gjin boaiem ken, alles wat net libbet
ferstille yn it momint. sêfte weagen

streakje tûken en blêden driuwe op de ierde.
fûgels fleane troch it wetter en fisken
kûse wolkens yn de loft.… Lês fierder