
Albertina Soepboer is in ynteressante dichteres. Se doart wat, eskperimintearret, is wis mar sykjende en hat in styl en in behearsking fan ’e technyk dy’tst net sa faak tsjinkomst. Remco Ekkers ferlike Soepboer yn ’e Poëziekrant mei Yeats en Roland-Holst mar neamde har frijmoediger as har ferneamde foargongers. It is apart en eins tryst, mar Ekkers is ien fan ’e pear skôgers dy’t wier nijsgjirrige dingen oer Soepboer har poëzy sein hat.
It oeuvre fan Soepboer is (wilens) tige omfangryk en follesidich. Neist acht dichtbondels skreau se proaza, toaniel en sette se in berneboek oer út it Baskysk; behalve Nederlânske oersettingen fan har Fryske gedichten hat se ek twa oarspronklik Nederlânsktalige bondels útjûn.… Lês fierder