Rein de Lange

thúskomst

logo.ensafh

                                                  foar Saske

it eilân slacht har doeken ôf
byt parten út de kim
tichteby leit hjir myn memmelân

de stjoerman ropt om alle hens
strunende skuorwinen meitsje
dit sicht suver huverich

ik kin har hast reitsje
mei myn hannen, hast
har teare holle tútsje

dochs in izige ûnrêst
ferwûnet it paad
blyn farwetter foarút

soe har werkenning
noch knypeagje nei my?… Lês fierder

Rein de Lange

Wite thús

logo.ensafh

se skillet my, ik wachtsje
skril yn myn wite thús
smetteleas fonkelje de ruten
myn tún jit keal, fûgels
fleane boumateriaal byinoar

har blauwe eagen
gripe myn lea fêst
ik stjoer har hannen
kuolje myn tinzen

lit it momint ferrinne… Lês fierder

Rein de Lange

Soms

logo.ensafh

soms

soms lústerje ik út myn drokke libben
nei bekende fuotstappen op it hiem
ús heit komt wer de keamer yn
wy fûstkje sa as we altyd dienen

‘hoe giet it mei de bern,’ freget er
en ik sis: ‘goed, se wurde al grut’
hy knikt mei swijende blik
syn eagen stoarje nei in leechte

inkele minuten sitte we stil
neist elkoar, krekt as doe
wy ha gjin wurden nedich

‘ik moat wer fuort soan.’ en ik
begryp syn driuwfear, de dea
kin gjin momint mear sûnder him… Lês fierder

Rein de Lange

Evolúsjelear

logo.ensafh

oer it ûntstean
 
de Sinne:
 
sjoch, it goudene ljocht brekt, rûnom brek ik iepen
in eksploazje fan begjinnen, lûdleas
en grimmitich, mei in skok fan pynlike ferlossing
bring ik it orgasme nei in hichtepunt
yn myn limoer swalkje stjerren nei harren stee
folje konstanten de maagdelike leechten op
 
de Ierde:
 
ik fiel dyn fruchtbere fingers oer myn teare hûden glydzjen
stoarmje neiels in Panspermiaans spoar
fan ûnteigening, provosearje de bleate prematueren
litte myn keale lichem in Genesis lije
ûnder dit habyt fan wiidfiemjend potinsjeel
werskeppe stringen de drinteljende atomen
 
it Libben:
 
ik bin it Opperwêzen, machtich nietich parasyt
yn lytse skûlboargen fan klaai en drek
ming ik de weake krûden fan bestean
boetsearje sellen sûnder eagen, driuw
siel, geast en dea gear as in earste sucht
yn it fluwielen kokon fan bewenne fel
 
 
oer de opgong
 
de Sinne:
 
myn krêften flamje ûnevenredich
troch folslein transparante omkriten
mei in straffe oerwyn triuwe seizoenen
lâns ûneinige hektaren neaken himmelfjild
regearret myn oansjoch de oanbidders
dy’t harren werfine mar fergean yn âlde tiid
 
de Ierde:
 
yn myn lânskip iepenje no tûzen gesichten
lyts en brekber yn ûnstjoer oansetten
op myn tinne hannen fan bosken en see
op myn bedobbe holle fan bergen en dellingen
sjonge se psalmen, brekke se fluezen
leafket eltsenien myn longerjende lea
 
it Libben:
 
bonken en fleis ferrottet yn dwingerdong
bedimme kriemingen kroadzje de nije lichtings
feroarje de dage yn myn foardiel
dit is myn opgong, ik bin as fâd oer jim
yn al myn eagen raaidûnsje de refleksjes
fan oanstoarmjende fasaden jim temjitte
 
 
oer de tariedings
 
de Sinne:
 
strieletentakels sykje yn eltse tsjustere romte
ek al draaisto fan my ôf, ik sil dy fine
want it bern datsto opsmiten hast
spegelt my nei dyn oare side
as in Judas foar tritich sulverstikneonljocht
it trijefâldige lûd draacht fier yn dizze fakuümnacht
 
de Ierde:
 
myn iepen finzenis folje ik mei ferjage dreamfolk
elts treffen beweecht no kontinintaal
ferbine de sêfte toanen fan fjochtersgesangen
skrale krassen skansearje myn hiele gesicht
mar hja bliuwe blyn foar de apokalyps
fonkeljend yn myn kniesde eagen
 
it Libben:
 
Pandoara’s doaze stiet wif, swart sko ik mysels
op it ferkearde paad, brek it deksel iepen
en fermannichfâldigje de populaasjes yn ûneinigens
trek sielen yn sûnde op in ûndergrûn fan mesread
mosk, in moeras fan modder, in fjild fan sânfâldige
swarte orchideeën mei stomoal deadlik as Pompei’s azem
 
 
oer it ferlitten
 
de Sinne:
 
it misbeteart, myn ûndergong skildert
grutte skaden, in leaden dize oan ’e kim
bin ik de healwize paadsljochter yn dizze beierboel
mei myn lêste strielen foar in nije nova
in himelske poarte nei it berteteken fan in poppe
yn in oare diminsje, yn in oar begjin
 
de Ierde:
 
har dagen reitsje fol, en ik stjer mei har mei
as in fernietigjend fjoer yn âlde bosken
dy’t romte makket, himmelt, oplost
roekeleas it fersmoarge stof mei hoarterige hannen
yn de sterile frijdom fan fergean neiwiuwt
beminde fundeminten dogge gjin fertuten mear
 
it Libben:
 
stilte ûnstekt no it swartsmolten ljocht
ik gûl net mear foar myn telgen, de kosmyske keatling
is ferbrútsen, blyk ik doch de útstrûper
ferpolvere troch te swiere tiid, preekje
in iepenbiering foar dit gehiel fan alles
wat werom sil floeie ta ien ticht punt fan absolut neat… Lês fierder

Rein de Lange

Wurden

logo.ensafh

ús keamer laket it ferline út
oeral karton, neat mear te plak

âld stof ûnder matrassen
ferskynt, sûnder warskôging

twirret in ballade fan ûnwissens
troch myn holle, de foto hâld

ús jit tegearre, byld fan gelok
is yn it neigean, dyn lippen sprekke
yn alle hoeken lizze hurde wurden… Lês fierder

Rein de Lange

Ofreis

logo.ensafh

leech mei kompliminten
bring ik mysels yn feiligens

sjochsto wat hjir gebeurd is?
sels ik ferlit it sinkende skip

yn besykjen omwuolle
hûd wol ik dy leafkje

mar do leist my yn ’e lijte
oan legerwâl, rotsfêst fertrouwen

skansearre yn in nachtdize
de oanboazjende ôfreis ljochtet op… Lês fierder

Rein de Lange

Sydline

logo.ensafh

fier foarby de ferwachte sinne brekt
in barren iepen, slacht de izeren wolk fjoer
knappe lâningslampen stikken boppe
it krekt ynsiedde fjild mei nij libben

se ferlieze hichte, harren loftskip warber
op de fideofilmkes dy sy jit bewarret yn
beskreaune doazen ûnder har kant fan it bêd

reaget de loft fol stof fan dit twasidich ferline
de ballon brekt iepen, twa parten fjochtsje fûl
de tredde wurdt út it each ferlern

stiet oan de sydline en lit nijberne triennen
rinne, in ûnderstream kuollet syn namme
allinnich, ropt de iensumens op yn oerfloed… Lês fierder