Koosje Melis

Freon

logo.ensafh

De stêd gûnze sa’t allinne grutte stêden dat dogge, in mûnster dat ek yn ’e sliep noch grommeljend sykhellet. Yn sa’n stêd jouwe minsken neat om it miljeu. Sterker noch, se laitsje derom. Bûsdoekjes, tissues, plestik: jo goaie it op strjitte, ek al stiet der trije meter fierderop in jiske-amer. Dêr rêdt in oar him mar mei, ik ha it drok drok, sizze de gesichten fan de minsken dy’t hastich har paad sykje troch it labyrint fan strjitten en auto’s en metrostatjons. Yn sokke stêden wenje minsken yn har auto’s. Ek al is it trije oere nachts, as in grutte trein ride se, dan wer traach, dan wer it gas djip yntraapjend, grutte gaswolken útblazend.… Lês fierder

Koosje Melis

Chique

logo.ensafh

Sa út en troch stelle jo in domme fraach. Sa frege ik fan ‘e wike yn de buertsuper wêr’t ik de espresso fine koe. De jonge wiisde oan: nespresso fan Nescafé? Of woe ik Kapoetsieno? ‘Nee,’ lei ik út, ‘ik zoek van die hele sterke koffie, voor in een espresso-apparaat’. Dat hiene se net. Ik hie it witte kinnen. Myn supermarkt lit him derop foarstean dat er ‘geen fratsen’ ferkeapet. Freondinne H. hat oer dy reklameslogan in hiel moaie krante-cartoon op it prikboerd. In net-skeard, net al te fris mantsje freget dêryn oan ien fan it winkelpersoniel wêr’t er de fratsen fine kin.… Lês fierder

Koosje Melis

Deadebetinking

logo.ensafh

It sil 1987 west ha. Myn broer, suster en ik wiene by freonen fan myn âlden. Yn ’e hoeke fan de studearkeamer, mei in yn myn berne-each ymponearjend tal boeken, sieten wy stilswijend om de televyzje. It wie 4 maaie, acht oere jûns, en wy wiene spesjaal út it moaie waar yn ’e tún kaam om op televyzje nei deadebetinking te sjen. Earder hie it knyn fan de freonen yn myn finger biten doe’t ik it in hynsteblom fuorre, de triennen stiene my noch yn ’e eagen en ik wie dus yn de goede stimming om fol ûntsach nei de feteranen op de Dam te sjen.… Lês fierder

Koosje Melis

Mobyl

logo.ensafh

He, ferdoarje, dat ha ik wer. Sit ik krekt lekker yn ’e trein, ien fan de lêste frije plakken, de sinne leech dat ik sakje ûnderút om lekker te sûzjen oant ik thús bin, pakt dy jonge neist my dy’t ik krekt ynskatte as in geskikt figuer om nêst te sitten (ik sykje altyd wat swijsum útsjende minsken, type Volkskrant- lêzers, thermoskanne-meitôgers) in stikje bôle út de tas en begjint dat mei folle omballingen op te iten. Sjoch, dêr hie ik tenminste gelyk oan, der binne nammentlik noch minsken dy’t altyd in stikje bôle foar hongerige mominten paraat hat, en ornaris binne dat minsken dêr’t fierder neat mei te rêden is.… Lês fierder