Henk Nijp

Errors

logo.ensafh

Error 404, of faaks ‘fout tijdens verzenden, 0x800CCC78’, hoe faak soe frou Biesheuvel-Vermeijden dy meidielings op har byldskerm foar har noas krigen ha. Of soe se nei twa kear tocht ha ‘ach, lit ek mar ..’? Jaqueline Biesheuvel-Vermeijden hat al in moai skoft de funksje fan ‘ûnôfhinklik adviseur yntegriteit foar leden fan de Twadde Keamer’. Om krekt te wêzen sûnt 1 jannewaris 2020. Dus al rom twa jier. Yn al dy tiid hat it bêste minske mei mar ien (1) inkelde fraksje kontakt hân. Yntegriteit is dochs wol in ûnderwerp fan gewicht yn ús parlemint soe men sizze, genôch akkefytsjes ha sa út en troch de krante helle.… Lês fierder

Henk Nijp

Berte fan in heugenis

logo.ensafh

 

 

Oere en tiid hâld ik yn eigen hân
Lit waarme wyn út ’e easthoek’ waaie
Triuw wolkeskaden nei it ljocht werom
Stek draken nei de kroan oant sturten swaaie
Dan bisto de keninginne fan de simmer
Mei paazjeflinters ûnder azueren loften
In harmelingen mantel kinsto wol sûnder
Gjin skepter mei gesach, do bist
Myn eigen Heecheid boppe op it helmdún
It fuotfolk jubelet op it skulpestrân
Mei royale glimk wiuwsto werom

Yn in wink glydt de simmer troch de dagen
It blau jout lang om let belies
Wyn wer baas oer strân en weagen

Honkfêst wiest nea; woelich as in aaisiik hin,
Lôgjend dyn langst nei ûnbekende oarden
Dyn gean wie net te kearen, mar al nei dizze simmer..?… Lês fierder

Henk Nijp

Sneu

logo.ensafh

Ynienen stiene wy stil. Foar ús gloeiden noch yn stikmannich reade efterljochten. It wie roettsjuster, der waaide in heale stoarm en it reinde al de hiele reis; de rutewiskers hiene noch gjin tel rêst hân. Ik roai dat wy sawat de tweintichste auto wiene yn ’e rigele foar de brêge fan de Stevinslûzen. Mar it koene der ek in pear mear wêze. Fierderop knipperen wat reade ljochten, dy’t, sa ornearre ik, wol fan de slachbomen fan de brêge wêze soene. Ik tocht by mysels ‘hokker skipper wol yn ’e goedichheid mei dit hûnewaar jûns tsjin sânen perfoarst nei de Iselmar of sa nedich de Waadsee op’ mar ja, wat wyt ik dêr úteinlik fan.… Lês fierder

Henk Nijp

Ophokt

logo.ensafh

Ik stie healwei de beam op ’e ljedder mei twa snoeiskjirren yn ’e bûse en de beamseage yn ’e oanslach. Yn ’e boppeste tûken, dy’t der no noch oansieten, hiene de swartkopkes de measte wille. Dat wol sizze se hiene in protte leven: of se stutsen my de gek oan of wiene lilk dat ik yn harren beam omseage.
De lege sinne skynde my troch de keale tûken fuort yn ’e eagen en it seachmoal waaide my streekrjocht yn ’e eagen, net echt handich by it snoeien, mar it koe even net oars om’t de ljedder krekt sá stean moast. Under my lei al in moaie bulte tûken fan de ûnderste regioanen.… Lês fierder

Henk Nijp

Krysteinen

logo.ensafh

De beam rûgele noch krekt net genôch om derút, mar it ljocht fan de stjer foar it rút kaam al net mear oan en Chris Rea wie al lang wer ûnderweis foar it wurk. De krystdagen sieten der wer op. Fan it krystmiel wie noch in moai protsje oer. Eins hiene wy earste krystdei al te folle hân en waar om in slach om wie it ek net; griis, dampich, eastewyn en glûpende kâld. Wêr’t it idee fan in ‘Witte Kerst’ weikomt… As wy de tv-reklamespotsjes leauwe moatte, wurde winkelweintsjes yn dy snuorje selsridende Tesla’s, longerjend nei wat waarmte en is de ein fan desimber altyd ferpakt yn in tsjokke snietekken.… Lês fierder

Henk Nijp

Boartsje mei fjoer

logo.ensafh

Op ‘e radio gong it oer gemyske brânwûnen, skroeide netfluezen, losrekke fingerseinen en geduerich piipjende earen. It is wer novimber, guon krije it dan op ‘e heupen en oaren hiene dêr fan ‘t hjerst al folle earder lêst fan. In jierliks weromkommend ritueel is it. De earste hûnderten kilo’s oan yllegale fjoerwurkpakketten binne dan alwer troch de plysje ûnderskept en dêrmei wurdt de fjoerwurkdiskusje op ‘e nij yn it skynljocht setten. As oft wy noch net mei genôch drege diskusjes oanklaud sitte…
Oan it wurd wie in eachsjirurch dy’t de neidielen en gefaren fan de kobra’s, de fonteinen, de single shots, fjoerpylken en neam it fierder mar op noch wolris út ‘e doeken dwaan woe.… Lês fierder

Henk Nijp

Lêste simmerdei

logo.ensafh

Wy ornearren dat wy de simmer hjoed wol útkonfoaie koene. No ja simmer…, mear wat in sneue parody op wat wy wend wiene de lêste jierren. Mar neffens de berjochten soe it noch even wêze dit wykein. It kaam lykwols allegearre wat let op gleed, wysels ek trouwens. It bleau mar griis en dampich. Tsjin middei kaam de sinne der dan dochs wat skruten by mar it fanatykste wie der wol ôf.
Mar dochs …, wy koene moai noch even op C oan om wat boadskippen en om, grif foar de lêste kear fan ‘t jier, by see te sjen. Nei alle gedachten wie der noch wol in strântinte iepen en koene wy dêr in ‘broadsje dit of dat’ krije.… Lês fierder