
Krekt foar de krystdagen krigen wy de nijjierskaart fan Consuelo, Kolombiaanske kunde út Amnesty fermidden fan lang lyn. Wy seagen der al in setsje nei út. Sûnt se mei har Mariëlla yn Bentveld wennet, is har selsmakke kaart elk jier wer in manjefyk keunstwurkje. Dit kear stie der op it omslach in fotokollaazje fan in frou dy’t op de grûn leit mei touwen om ’e nekke en de ankels. Mids in idyllysk winterlânskip fol snieflokken yn de foarm fan Covidspikes en kalligrafyske haadletters leit de frou fêstbûn ûnder in optuge en ferljochte krystbeam. Yn de top fan de beam hinget in útfergrut krús.… Lês fierder