skermer

Mystearjes

logo.ensafh

It is april, mar it is simmer, heech simmer eins en dat wylst de beammen noch lang net fol yn it blêd sitte of sels noch keal binne, de jonge knotwylch noch útrinne moat,
Hearlike dagen belibje wy, mar dit kin net goed komme fansels.
Tinzen komme en gean, lit jin der net troch meislepe.
Is men ien kear oer in grins, dan is men ferlern.
Ik lês it boek Mystearjes fan Knut Hamsun. De haadpersoan ferkeart op ’e grins fan selsmoard, hat dêrta in fleske blausoer yn ’e bûse, giet yn it stedsje oan wâl, kletst elkenien de earen fan ’e kop oer wat mar by him opkomt, ferkeart yn ’e sande himel en donderet der wer út, leit it mei twa froulju oan, it is kranksinnich mei dy man.… Lês fierder

Skermer

Fryslân/Ljouwert: kulturele haadstêd fan Europa. In oanbod

logo.ensafh

It is de dream fan Jannewietske de Vries. Lêsten op Omrop Fryslân yn in ferkiezingsdebat spegele har PvdA-kollega Konst it de lêzers ek nochris wer as wat neistribbensweardichs foar. Underwilens hat de provinsje immen oanlutsen om yn Fryslân de koppen de goeie kant út te krijen.

In pear wike lyn ha de wichtichste Fryske kulturele ynstellings de gemeente Ljouwert frege om de ambysje farre te litten om kulturele haadstêd te wurden. Dat soe net passend wêze om’t de stêd op kultuer besunigje wol en oars ek al net sa rynsk foar kultuer is.

De provinsje sil ek op kultuer besunigje.

It is tryst dat it de provinsje en kertiermakker Henk Keizer net slagget om mei wat te kommen dat ynspirearret.… Lês fierder

Skermer

Oer de ierde en deryn

logo.ensafh

Ik ferkearde mei de holle yn ’e wolken, nee heger, tusken ’e stjerren, rekke de ierde allinne oan mei de fuotten. Ik fiel it noch hoe’t allinne myn fuotten grûn fielden.
Ik stie op in glôbe op myn wenstee, op ’e krite dêr’t myn libben him ôfspilet en mei de holle yn it hielal.
Wat in gewaarwurding! Myn basis wie smel en ik ferkearde yn in ile wrâld.

Ik gong lizzen en ruts my út oer de ierde oant myn grutte tean rêste op in rotskust mei pinguins. De weagen fan ’e oseaan klotsten tsjin myn kûten, ûnder myn knibbelholte lei Johannesburg, myn boppeskonken rêsten op oerwâld en woestynsân.… Lês fierder

Skermer

De keunst fan Anselm Kiefer

logo.ensafh

In protte skilderijen fan Anselm Kiefer, miskien wol de measte, hawwe ek in romtlik elemint en soms binne it winliken romtlike kollaazjes.

De achtergrûn is altyd de natuer of ferwiist dêrnei troch de bewurking en troch de brûkte materialen.

Wat sjocht men oan eleminten, oan details?
In wytferve palmblêd is foar in swartbrune achtergrûn plakt.
In droege sieddragende keningskears is rjochtop tsjin in donkere achtergrûn plakt.
Op in tsjok mei in beskate emulsy ferve bedutsen doek, dat in desolaat snielânskip foarstelt, binne rigen deade, swartbleakere tûkjes plakt.
Foar in brúngriis beskildere doek dat in lânskip fan boppe-ôf sjen lit, hinget in jachtfleantúch fan lead en op dat fleantúch lizze droege sinneblommen (de lange stâlen mei de iepen siedkop dêr’t de siedden noch foar in part moai yn it gelid yn sitte).… Lês fierder

Skermer

Nee, ik bin der net siik fan

logo.ensafh

Net mear reedride kinne. Is dat slim? Foar in reedrider wol. Wie ik in reedrider? Ja, ik mocht graach ride, it koe it ek aardich, alhoewol, nei santich kilometer stoarte ik yn, wylst dan de echten krekt op gong komme. Ik hoegde lykwols net alle dagen te riden, ik hoegde ek net as earste op it iis te stean. Winliken makke ik der gjin tiid foar frij, ik ried as it my útkaam. Ik bin der net siik fan dat ik net ride kin. Dat, wie ik in reedrider? Gjin fûleindigenien yn alle gefallen, gjin pasjonearre reedrider, net ien dy’t op it iis stean moast.… Lês fierder

Skermer

Kultuer libbet út himsels wei

logo.ensafh

Kultuer libbet út himsels, út syn yntrinsike krêft wei. It is yn ’e minskewrâld in gegeven. Oer kultuer hoecht men net yn te sitten.
Men hoecht dêrom ek net yn te sitten oer oerheidsbesunigingen op kultuer. Dat jild is moai meinommen mar de kultuer bestiet der los fan.
Itselde jildt foar in auteur dy’t seit dat er hast wol mei it skriuwen yn it Frysk ophâlde kin om’t de provinsje der hieltyd minder jild foar oer hat. Lit him ophâlde, want foar de kultuer wie er al ferlern.
Kultuer hat syn eigen dynamyk, kreëarret syn eigen situaasje.
As in oerheid besuniget op kultuer komt dat út ’e kultuer sels wei.… Lês fierder

Skermer

de lear

logo.ensafh

de earste draai it libben fan siddhartha gaudama
de keningssoan dy’t de bodhisattva dy’t de boeddha
berne út de side fan in bosknimf it oanbegjin
út de side fan mahamaya mem en keningin

lit alles achter dy gean nei bûten en sjoch goed ta
de brahmaan foarsei it syn heit kening suddhodana
ien útstapke mar nei jo park ta en it wurdt syn sin
ien eachopslach bûtendoarren en der is gjin ferwin

berte âlderdom sykte en dea it rêd samsara
asseten wize de wei út de fûke fan karma
sliepende froulju om him hinne plôke as in hin
al dy bistkes yn ’e fuorgen plattrape yn ’e rin

deawurge manlju achter de ploege harkje goed ta
it ynsjoch meilijen moat men mei alle libben ha
gjin brahma gjin master rjochte op de sfear fan neat gjin
net dy fan gjin witten en gjin net-witten oars net min

wie asseze dan de wei en dat oan it uterst ta
nee meditearje dan mar ûnder in beam by uruvela
it offer joech Nandabala de man mei it rjochte kin
hy ûnthiet hjir bliuw ik sitten oant ik ferlichte bin

noch de fisioenoanfal troch sensuele mara
net demoanelegers him beskerme machalinda
en doe kaam er ta ferlichting ta it boeddhabegjin
hookstrooks op syn geastlike reis fjouwer wierheden tsjin

berte is lijen ferfal sykte en dea der op ta
en ek skaat wêze fan wat dy leaf is it is mar sa
wat ha wolle en net krije is ek ferhipte min
dat it karakter der nei oerhinget de mins syn sin

ja sa brocht mei de hannen yn ’e ûnderrjocht-mudra
de boeddha de earste wierheid út de twadde wie sa
oarsprong fan lijen langstme liedend ta werberterin
de tredde beëiniging fan lijen fan it gestin

troch ûnferskillichheid dat wie de fjirde woe er ha
dêrby moat jins paad de acht treflikheden ha no sa
achter gjin ding dat hjir no folget is tastien in min
net te folle en net te min mar it middenberin

in krekte fyzje oan it oare komt men oars net ta
realisaasje spraak dwaan men moat der balâns yn ha
yn libbensûnderhâld ynspanning as it even kin
libbenens fan geast konsintraasje de ein en it begjin

mar no moat de kop der hielendal by it sit sjesa
dit giet fierder as de middenwei no komt dukkha
it earste kenmerk lijen it libben is sûnder gewin
fergonklik it bestean in fragmint wat hat it foar sin

sa it twadde kenmerk men giet der oan anicca
it tredde de ôfwêzichheid fan in sels anatta
yn ’e mins gjin siel gjin ego ik bin net op ’e rin
wol kumulaasjes fiif skandha’s as ik my net fersin

foarm gefoel bewustwêzen waarnimming en karma
men is mar in rige prosessen en dêrmei basta
ik kom út by it meilibjen ek foar gers en reidhin
ynsjoch heft karma op it net witten dat ik oerwin

dit is de dharma ik doch der ta ik doch der net ta
ja dit is de bolderwein dy’t ús bringt nei nirvana… Lês fierder