Tessa Blaauw, Tryntsje van der Steege, Forina van der Zee

Sjueryrapport Rink van der Velde-priis 2014

logo.ensafh

De Rink van der Veldepriis is yn 2003 ynsteld troch it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Smellingerlân, yn oparbeidzjen mei útjouwerij Friese Pers Boekerij te Ljouwert.

Klik hjir foar it folsleine rapport (pdf)… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – okt-nov 2013

logo.ensafh

Sinteklaas hoegde dit jier net lang nei te tinken
Oer moaie kado’s om de Ensafh-lêzers te skinken.
In boek fansels, da’s altiten goed,
Wier Piterbaas, ha mar gjin noed!
Yn’t Frysk en oer Fryslân wurdt in hiel soad skreaun,
Foar elk is der wol wat, ’t is net oerdreaun;
Oer sport en oer iten, foar jong en foar âld,
Oer oarloch en leafde, en de foarbije wrâld,
Heldedichten of mearkes foar bern,
It hâldt echt net op, moatst mar ris sjen!
Sint winsket elkenien in soad lêswille ta,
En hopet dat jim oar jier noch mear nije boeken ha!

Poëzij

Harke Bremer & Jarich Hoekstra
Leffert – In heldedicht yn tolve sangen

Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 3052 (144 siden)
Ferkeappriis € 15,00

leffert

Begjin 8ste ieu.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – septimber 2013

logo.ensafh

Nei in prachtige lêzerssimmer belooft it in hearlike lêzershjerst te wurden. Nei it lege tempo fan de smûke simmerdagen komt yn septimber it libben wer op gong en gûnzet en sûzet it fan de nije útjeften en aktiviteiten. De list mei nije farske boeken is wer lang, de list mei bjusterbaarlike barrens foar de kommende tiid docht dêr wier net foar ûnder. Nei it feest fan de UITmarkt kaam it feest fan de Kulturele Haadstêd 2018 ynearsten ta in hichtepunt, mar wy sette fuort troch mei it feest fan it Frysk Museum en it feest fan it Fryske Boek, letteroan folge troch it it grutte Ensafheest op 4 oktober, it feest fan Gysbert Japicx en it feest fan ’e Frankfurter Buchmesse.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Libbene oantinkens omteare ta skiednis

logo.ensafh

It minsklik ûnthâld is in nijsgjirrige miks fan wat we sels meimakke ha, fan wat oaren ús ferteld ha en fan wat we der sels by betocht ha. We ûnthâlde de dingen net altiten sa’t se wier gebeurd binne, mar meitsje soms – bewust of ûnbewust – de kar om in oantinken oars of moaier op te slaan. Faak wurdt in oantinken in ferhaal op himsels en somtiden wurdt it yn de oerlevering troch de jierren hinne noch wat mear oanpast en omfoarme. Mearkes en leginden ûntstiene op sa’n manier, mar ek romans en memoires binne faak it resultaat fan sok ‘opkreazjen’ fan persoanlike oantinkens.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – maaie 2013

logo.ensafh

 

 

 

Poëzij

Eppie Dam (gearstaller) – mei pintekeningen fan Lienke Boot
Oer de wjuk – Fryslâns moaiste fûgelpoëzij
Bornmeer, De Gordyk 2013
ISBN 97890 5615 2956
Ferkeappriis € 15,00

oerdewjuk

“Skries op ’e hikke ropt grito-griet.” Dy dichtrigel út it ‘Simmermoarn- sankje’ fan Waling Dykstra is by hast elkenien wol bekend. Fryslân is ryk oan fûgels en ryk oan dichters. It is dan ek gjin wûnder dat der in soad fûgels yn de Fryske poëzy omfleane. Dochs is Oer de wjuk it earste boek dat it moaiste fan al dy fûgelpoëzy byinoar bringt. Ut goed sânhûndert Fryske ‘fûgelfersen’ selektearre Eppie Dam de 159 moaiste gedichten.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – april 2013

logo.ensafh

Proaza

Hindriks, Elske

In kop as in almanak

Afûk, Ljouwert 2012

ISBN 97890 6273 9165

Ferkeappriis € 16,50

 inkopasinalmenak

‘Der is gjin oantinken fen ’e foarâlden;
en de kommende slachten dy’t wêze scille,
dêr scil ek gjin oantinken fen wêze by dyjingen
dy’t letter wêze scille.’ (Prediker 1:11)

Yn de jierren fyftich koenen skûtsjeskippers wier net mear fan de wyn libje. Se stapten op de wâl en sochten nije wegen. De ferhalen en de tradysjes bleaunen oan board fan de âlde skippen.
Yn In kop as in almenak besiket in dochter út in laach fan skippers de ferhalen fan har beide âlden nij libben yn te blazen.… Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ’e planke – febrewaris 2013

logo.ensafh

Proaza

Rommert Tjeerdsma

Om Doutzen

KFFB, Dokkum 2013
ISBN 97890 7491 8947
Ferkeappriis € 16,

Fryslân midden yn ‘e tritiger jierren fan de foarige ieu. It is krisistiid, rûnom hearsket earmoede en de measte minsken hawwe it dreech om troch de tiid te kommen. Alle dagen steane lange rigen wurkleazen foar it stimpellokaal. In flues fan doffe berêsting hinget oer it lân, it liket wol as sil it nea wer oars wurde.
Doutzen, in jonge frou, wennet mei har âlden efterôf yn it lân, dêr’t har heit mûnder en lytsboer is. Hja fielt har ûnwennich yn dy iensume oarde en langet nei it fertier en de drokte fan de stêd, dêr’t se wolris by omke en muoike útfanhuzet.… Lês fierder