Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Gerard de Jong

logo.ensafh

“An de ene kant hest ’n onaindig soad tiid en mooglikheden, maar an de andere kant weetst nooit wat d’r op dyn pâd komt.”

Gerard de Jong (1979), haadredakteur fan de Bildtse Post, is troch de Fryske sjuery fan it projekt Oare Wurden / Other Words – it Europeeske útwikselingsprojekt foar skriuwers yn lytse talen – útkeazen om yn maaie-juny 2017 yn de Baskyske stêd San Sebastián te wenjen en wurkjen. De sjuery fûn it skriuwplan fan De Jong literêr nijsgjirrich en tsjûgjen fan in sterke persoanlike driuw.

Wat kinst fertelle oer dyn skriuwplan foar Oare Wurden?
‘Ik bin fan doel om ’n Bildts boek te skriven, ’n novelle met de titel: Blau fan dagen, griis fan onrust.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Jan Schokker

logo.ensafh

‘It liket my noch wol in útdaging om in berneboek te skriuwen en dêr sels de tekeningen by te meitsjen.’

Jan Schokker (1952, Oranjewâld) learde op de ambachtsskoalle foar elektrotechnyk. Syn kreative kant kaam al gau foar it ljocht. Hy mocht graach tekenje en krige fersiken om reklamebuorden te meitsjen en bedriuwsnammen te skilderjen. Skriuwe die er doe ek al, as jonge fan in jier as fjirtjin makke er al stikjes foar de jubileumrevu fan de kuorbalferiening. Yn ’e rin fan de tiid skreau er in grut tal revu’s en in stik as fyftjin toanielstikken. Jan Schokker wennet mei syn frou Sjoeke yn Jonkerslân en sûnt syn 24e hat Jan in eigen bedriuw foar standbou en belettering.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Lida Dykstra

logo.ensafh

‘Skriuwen is foar my wol in wrakseling. Ik wol de latte foar mysels altyd wat heger lizze as wêr’t ik by kin.’

Lida Dykstra is op 16 july 1961 berne op It Hearrenfean en opgroeid yn Skarsterbrêge. Se die in oplieding ta museummeiwurkster yn Leien en studearre dêrnei keunstskiednis yn dat plak. Se makke yn 1986 har stúdzje ôf mei in skripsje oer Fryske ambachts- en folkskeunst. Lida gong mei har man werom nei Fryslân en krige in baan by de Stichting Monument van de Maand. Yn 1989 waard se konservator fan it Museum Joure. Nei de berte fan harren dochter yn 1992 pakte Lida de pinne op.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Marga Claus

logo.ensafh

‘Om helder yn ’e holle te wurden giet de ien te draven en de oar te winkeljen en ik pak de pinne om dingen foar mysels op in rychje te krijen.’

Marga is op 16 febrewaris 1955 berne yn Ljouwert en hat dêr oant har sande jier ta wenne. Dêrnei ferhuze se nei Easterein. Se folge de ûnderwizersoplieding oan de PA yn Snits. Yn 1987 gie se as weryntreedster oan it wurk by de Stichting Basiseducatie Zuidwest-Friesland, letter opgien yn it Friesland College. Dêr folge se in post-HBU-stúdzje folwoeksene-edukaasje wêrnei’t se Nederlânsk en kompjûterles joech yn Snits. Op it momint jout se ekstra stipe by it fak Nederlânsk oan MBU-learlingen op it Friesland College yn Ljouwert.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Petear mei Hanneke de Jong

logo.ensafh

‘Dat is it moaie fan skriuwen: yn myn holle kin ik alles betinke.’

Hanneke de Jong is berne yn 1952 yn Aldetrine. Doe’t se trije jier wie kaam se yn Sint Nyk te wenjen, har heit waard dêr haad fan de legere skoalle. Hanneke folge de fuotleasten fan har heit, die de Kweekskoalle en waard ûnderwizeres. Har earste baan krige se yn de Betuwe. In jier letter waard se beneamd oan de Hjerre Gerritsskoalle yn Grou. Nei’t se mem wurde wie, stapte se út it ûnderwiis en sette se útein mei de stúdzje Frysk. Letter krige se in baan as learares Frysk en noch letter as meiwurkster kommunikaasje oan OSG Piter Jelles yn Ljouwert.Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Marija Makeska út Masedoanië

logo.ensafh

‘We can actually improve ourselves by meditating, by connecting to nature and the surroundings.’

marija

Marija Makeska

De Masedoanyske skriuwster en filmmakster Marija Makeska is sûnt 15 septimber yn Fryslân. Sy sil yn it ramt fan it projekt Other Words / Oare Wurden acht wike yn Ljouwert ferbliuwe en dêr ûnder oare wurkje oan it skript fan har nije film: 2027: The Time of the Crystal Children. Marija (1986) is berne yn Skopje. Tusken 2003 en 2015 wenne se yn Detroit (FS) en dêrnei gong se werom nei Skopje. Se skriuwt poëzij en toaniel. Yn 2014 ferskynde har dichtbondel The book of muses.… Lês fierder

Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Rita Saliba en Leanne Ellul fan Malta

logo.ensafh

Yn it ramt fan it Kulturele Haadstêd 2018-projekt ‘Poetic Potatoes’ wiene de Malteeske skriuwster Rita Saliba (Pietà, 1964) en Leanne Ellul (Malta, 1989), redakteur fan it Malteeske tydskrift Inizjamed en ek skriuwster, fan 22 oant 25 juny 2016 yn Ljouwert. Ik hold op freedtemoarn de 24e in ynterview mei harren yn Post Plaza. Marc Kooij hat in filmke fan Rita makke.

20160624_121225

Rita Saliba en Leanne Ellul

What did you do in the past days and what are your plans for the rest of the day?
Leanne: ‘One of the main highlights was the poetry performance related to ‘Poetry in Potato Bags’/’Potatoes go wild’ yesterday evening in Tresoar.… Lês fierder