‘Ik bin gjin fucking tema’, skriuwt Tryntsje van der Steege yn de ynliedende
briefwiksel fan Ensafh nr. 4, it frouljusnûmer dat yn augustus útkaam is. En oer
gendergelikens yn de literatuer: ‘Ik wol it hjir hielendal net oer ha, mar we sille it
deroer ha moatte’. Myrte Marije Veenbaas antwurdet: ‘Miskien moatte we yndie de
fokus wol ferlizze fan in oplossing sykje nei romte kreëarje foar feroaring’.
Ja, de mingde gefoelens oer de needsaak en nut fan dit tema wiene oanwêzich. Mar
no’t it resultaat dêr is, fiere we mei in ekstra tsjokk temanûmer én omtinken foar
froulike auteurs op de site de kommende tiid al it moais wat froulju skriuwe.… Lês fierder