{"id":1114,"date":"2009-03-03T14:59:14","date_gmt":"2009-03-03T12:59:14","guid":{"rendered":"http:\/\/farsk.nl\/2009\/02\/21\/in-gesicht-luke\/"},"modified":"2009-03-03T14:59:14","modified_gmt":"2009-03-03T12:59:14","slug":"in-gesicht-luke","status":"publish","type":"post","link":"https:\/\/www.ensafh.nl\/?p=1114","title":{"rendered":"In gesicht l\u00fbke"},"content":{"rendered":"<p>Yn guon diskusjes en oanfarringen mei myn frou l\u00fbk ik in neffens har in \u2018link\u2019 gesicht.<br \/>\nSe begjint dan te laitsjen en seit: \u2018Sjoch nochris sa.\u2019<br \/>\nDat doch ik en nochris en wer.  En alle kearen laket se l\u00fbder en langer.<br \/>\nAs ik myn nocht ha l\u00fbkt se earst in beteutere gesicht en dan in eigenwiis gesicht.<br \/>\nMyn \u2018link\u2019 gesicht en har \u2018eigenwiis\u2019 gesicht hat se in oerkoepeljende beneaming foar: stoer.<br \/>\nAs ik safolle oeren nei har it b\u00ead opsykje kipet se \u00fbnder de tekkens wei en seit: \u2018Moatst net \u2018link\u2019 sjen, want dan moat ik pisje fan it laitsjen en ik wol der net \u00f4f moatte.\u2019<br \/>\nEn dan sjoch ik \u2018link\u2019, mar hat se har al omdraaid.<br \/>\nIk gesicht l\u00fbke is oanstellerij. Mei it l\u00fbken fan in gesicht wol men yndruk meitsje, de dingen nei jins h\u00e2n sette, in oar yn \u2019e skjirre nimme. En d\u00ear moat om lake wurde. Sa ienf\u00e2ldich is it.<br \/>\nNo ja, sa ienf\u00e2ldich is it net, want it giet fierder, it iene is net hielendal it oare.<br \/>\nFoar kaberetiers, toanielspilers, sjongers en &#8211; in oare kategory &#8211;  politisy, managers en bankdirekteuren (sa earst mar) is it l\u00fbken fan gesichten in fak. Dy \u00fat de earste kategory fiere in toanielstik op &#8211; wat se dogge is in spultsje, it is sabeare en mear wol it ek net w\u00eaze &#8211; en men lit jin graach troch harren manipulearje. Dy \u00fat de twadde kategory fiere ek in toanielstik op, mar wolle it foar echt trochgean litte, foar bloedige earnst, se wolle jin wat foarh\u00e2lde dat men foar wier oannimme moat. Dy lju soe men d\u00earom mei de kop \u00fbnder wetter h\u00e2lde of foar de bek slaan moatte. Mar dat docht men net, yn machteleaze lilkens ferachtet men har.<br \/>\n\u2018Sjoch net sa,\u2019 seit myn frou.<br \/>\n\u2018Hoe sjoch ik dan?\u2019<br \/>\n\u2018Lilk. ferkeard, wat is der? W\u00ear tinkst oan?\u2019<br \/>\n\u2018Ik wist net dat ik sa seach.\u2019<br \/>\nIk luts gjin gesicht. Myn gesicht stie gewoan sa.<br \/>\nDer bestiet in skilderij fan my d\u00ear\u2019t myn frou fan griist. Neffens har hat de skilder my de gesichtss\u00fatdrukking meij\u00fbn d\u00ear\u2019t eigenskippen fan my yn te sjen binne d\u00ear\u2019t sy in hekel oan hat.<br \/>\n\u2018L\u00fbk even in gesicht,\u2019 sei se.<br \/>\nIk sjoch leaf nei har, fereale, mei tagedienens.<br \/>\nSe laket har fuortdaliks slop.<br \/>\nIt is my in spul.<\/p>\n","protected":false},"excerpt":{"rendered":"<p>Yn guon diskusjes en oanfarringen mei myn frou l\u00fbk ik in neffens har in \u2018link\u2019 gesicht. Se begjint dan te laitsjen en seit: \u2018Sjoch nochris sa.\u2019 Dat doch ik en nochris en wer. En alle kearen laket se l\u00fbder en langer. As ik myn nocht ha l\u00fbkt se earst in beteutere gesicht en dan in eigenwiis gesicht. Myn \u2018link\u2019 gesicht en har \u2018eigenwiis\u2019 gesicht hat se in oerkoepeljende beneaming foar: stoer. As ik safolle oeren nei har it b\u00ead opsykje kipet se \u00fbnder de tekkens wei en seit: \u2018Moatst net \u2018link\u2019 sjen, want dan moat ik pisje fan it laitsjen &hellip; <a href=\"https:\/\/www.ensafh.nl\/?p=1114\">L\u00eas fierder <span class=\"meta-nav\">&rarr;<\/span><\/a><\/p>\n","protected":false},"author":1,"featured_media":0,"comment_status":"closed","ping_status":"closed","sticky":false,"template":"","format":"standard","meta":{"_jetpack_memberships_contains_paid_content":false,"footnotes":""},"categories":[9],"tags":[456],"class_list":["post-1114","post","type-post","status-publish","format-standard","hentry","category-kollums","tag-skermer"],"jetpack_featured_media_url":"","jetpack_sharing_enabled":true,"_links":{"self":[{"href":"https:\/\/www.ensafh.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1114","targetHints":{"allow":["GET"]}}],"collection":[{"href":"https:\/\/www.ensafh.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts"}],"about":[{"href":"https:\/\/www.ensafh.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/types\/post"}],"author":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.ensafh.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/users\/1"}],"replies":[{"embeddable":true,"href":"https:\/\/www.ensafh.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcomments&post=1114"}],"version-history":[{"count":0,"href":"https:\/\/www.ensafh.nl\/index.php?rest_route=\/wp\/v2\/posts\/1114\/revisions"}],"wp:attachment":[{"href":"https:\/\/www.ensafh.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fmedia&parent=1114"}],"wp:term":[{"taxonomy":"category","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.ensafh.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Fcategories&post=1114"},{"taxonomy":"post_tag","embeddable":true,"href":"https:\/\/www.ensafh.nl\/index.php?rest_route=%2Fwp%2Fv2%2Ftags&post=1114"}],"curies":[{"name":"wp","href":"https:\/\/api.w.org\/{rel}","templated":true}]}}