Ferdinand de Jong

Seks, drugs, drank en hippe muzyk graach

logo.ensafh

Ien fan de moaie dingen yn de winter is it feit dat ik dan amper nei de Nederlânske televyzje sjoch. Sêd fan de safolste werhelling fan ien as oare blockbuster mei in soad deaden en de held dy’t troch in rein fan kûgels nea rekke wurdt mar wol alle tsjinstanners útskeakelet. Nee, yn de winter sjoch ik nei de Dútske stjoerders. ARD en ZDF. Dy jouwe in folslein oersjoch fan wat der oan wintersporten te rêden is. Utsein hockey, want dat is yn Dútslân ek al achter de dekoder ferdwûn. O, sorry, ik moat fansels iishockey sizze, oars begripe jim it net.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Max

logo.ensafh

It waar nûge út om binnendoar te sitten, it wie july en it reinde sa hurd dat je it wol litte woenen om oan gersmeanen te tinken. Wat ferfeeld surfde ik op it www om, de hiele BV Nederlân begûn mei it wanhopich folplempen fan alle sosjale sites mei laitsjende selfie’s op lokaasjes dêr’t ik net graach hinne woe. Om in wike as wat letter deawurch wer thús te kommen en te fersuchtsjen: ‘Lokkich ha ik de neijiersfakânsje al wer boekt, ik bin no al wer oan frije dagen ta.’ Wylst se post fakânsje noch net in slach útfierd hienen. Op sa’n stuit wurd ik hiel tryst en tink ik werom oan de tiid dat minsken noch wille belibben oan de boarterstún by de Oranjerie yn Oranjewâld.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Ferplichte rou?

logo.ensafh

RIP, Glenn

Kultuer? Wat is dat? Is dat wat fan fier yn it ferline? Of wurdt krekt no kultuer makke? En foar wa is dy kultuer dan? Is dy foar de happy few dy’t it jild en de tiid ha om der fan te genietsjen? Of is kultuer in net te mjitten wearde dêr’t sels de meast earme stakker wat oan ha kin? Ien dy’t mei in flesse minne reade wyn op in yn it foar klearmakke klúnplak foar de Alvestêdetocht ûnder in stik flierkleed krûpt om te sliepen? En in noch gruttere fraach, wa fertelt jo wat wearde hat en wat moai is?… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Krústocht

logo.ensafh

Yn it bibelboek Eksodus wurde de pleagen beskreaun dy’t Egypte troffen om it frijlitten fan it Joadske folk ôf te twingen. De Joaden libben dêr doe as slaven. Oant de farao safier wie, kamen tsien pleagen oer it lân dêr’t de Nijl streamt. Pas nei dat wetter feroare yn bloed, kikkerts, luzen, stekmiggen, feepest, swolms, hagel, sprinkhoannen, tsjusternis en de dea fan alle earstberne bern it lân en syn ynwenners teheistere hienen, liet de farao it folk yn frijheid fuortgean.

Gjin mûzen, tocht ik doe’t ik it rychje nochris bydel gie. Eigenaardich. Want mûzen binne tige effektyf as pleach. Se dogge op dit stuit harren wurk as fernielers fan greiden en diken mei oerjefte en dogge it yngreven.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Gaskachels

logo.ensafh

Twa saken dy’t lêsten yn it nijs wienen. Foarop moat sein wurde dat it beide slimme saken binne, dêr’t allinnich mar ferliezers fan kamen.

Saak ien.
Earst it rapport oer de brân yn Ljouwert. Tige foarsisber, moat ik sizze. Fansels is der yn alle âlde gebouwen wat mis. Fansels is de wetlike tiid dy’t immen ha moatte soe om te flechtsjen net realistysk. Kul. Krekt of is soks te regeljen mei alle ynfloeden sa as hurde wyn, wynrjochting en sa mear. Krekt of soe in lôgjende fik him oan dat skema hâlde. Typyske Nederlânske wetjouwing, yn in ideale Haachske wrâld ha je sels noch tiid om earst ûnder de dûs en kreas de klean oan foardat je dêrnei yn panyk de doar út fleane, it each op jo mobyl, dy’t de tiid byhâldt.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

British Petroleum en Europeeske regeljouwing

logo.ensafh

Foar my op it buro lizze in pear A4-kes. Foar in skriuwer is dat net in útsûnderlike situaasje, mar dizzen lizze der al in hiel skoft. Deitekening is 11-12-2013. Meastal lit ik it guod net sa lang lizze, mar dizze papieren sit in ferhaal oan fêst. Wat is it gefal: Ik stean ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel. As ZZP’er.

Dat is in kar, guon ferklearje jo foar gek, mar der is in lân fol gekken, as ik de sifers oer it oantal lytse selsstannigen leauwe mei. Oer it algemien is de relative frijheid dy’t je ha, by in soad kollega’s ien fan de driuwfearen om de baas de groetnis te dwaan, as er dat jo al net dien hie.… Lês fierder

Ferdinand de Jong

Bûsdoek

logo.ensafh

Ik sit mei in dilemma. Soks is ferfelend. Jo wolle meastentiids nimmen tsjin de skinen traapje, yn dit gefal komt it Frysk eigene dêr nochris by. Ja, dan ha je it earne oer. Wat is it gefal, ik bin eigner fan in bûsdoek. Meardere, want in goede Fries is altyd ferkâlden. No falt dat bot ta, sûnt ik hast in jier lyn ophâlden bin fan smoken, ha ik noch mar ien kear in dei as wat snottere. De grutte ruften fol mei griene en giele substânsjes binne sûnt ik út de ploegetsjinst stapt bin al net mear oan de oarder. It kin dus noch wolris wat wurde mei myn sûnens.… Lês fierder