
Fersen
Skrift 14
namme ûnbekend

yn myn holle koe ik noait dea
it paste der gewoan net yn
ik wie jong
no skriuw ik myn namme op it liif
dat se my te plak bringe kinne
as se my hjir fine
ik skriuw mysels ek
op ’e earms, fuotten, foarholle
foar as se my stikken
bombardearje
en ien my byinoar fandelje moat
leaver net yn in plestikpûde
nerges net om
in jutesek, rêchsek, sliepsek
fielt frediger
foar in bern dat syn mem
werom besoarge krijt… Lês fierder
Twadde en fjirde elemint

Twadde en fjirde elemint
(nei oanlieding fan de dea fan fjouwer arbeidsmigranten yn Itaalje 2026)
Kennst du das Land
Wo die Zitronen blühn?
Dêr groeit nammers
Noch folle mear
Ierdbeien bygelyks
Dy moatte fan it lân
Nei longerjende mûle
Kom foar wurk nei
Us ierdsk paradys
Wy sille royaal
Wy sille rij wêze
Sinne en swit lit
Sûnder beleaning it
Ploaitsjen begjinne
Nei in moanne
Hurd bealgjen
Doarje jimme
Om jild te freegjen?
Dan mar dea
Hoppetee
Wy stekke jimme
Gewoanwei yn’ e fik
Pseudofrucht fol wetter
Fiersten te min om
Fjoer mei te dwêsten
Desimberjûn

Winterleafhawwer Gabrielle Terpstra sjocht yn ’e maaityd mei mankelikens werom op de feestdagen…
Desimberjûn
Dûmny Ypma sil de krystbeam oanstekke
It wie twa jier lyn de grutste krystbeam fan hiel Fryslân
Wat wiene wy Frjentsjerters grutsk
Mar in pear dagen letter kaam it op de Omrop
Der wie yn de provinsje ien dy’t krekt twa sintimeter grutter wie
Dus op dizze desimberjûn gean wy foar de moaiste
Wy genietsje fan Gluhwein en
Hooplik komt der gjin min nijs
Dat wy de op ien nei moaiste hawwe
Dat der ien is dy’t krekt twa tinten moaier is
In nóch grienere strûk
Yn Fucking Donkerbroek… Lês fierder
De Gjalp: Mem (Mother)

Op 23 april is Ensafh nr. 2 útkaam mei it tema literêre prizen. Yn dat ramt diele we de kommende tiid de filmpkes fan de Gjalp-winners fan 2025.
Ruerd Smaling wie ien fan de dichters dy’t de Gjalp yn 2025 wûn mei in fers by byldmateriaal út it Frysk filmargyf. Mei syn gedicht jout hy in filmpke fan breidzjende froulju (1952) in djippere, tragsyke laach:
…
… 