
Yn syn besprek fan myn fan ’t simmer ferskynde dichtbondel Raffelwjok – ‘Byldrike ympresjes mei foarmferlet’ (Friesch Dagblad, 15 oktober 2016) – komt Abe de Vries ta de konklúzje dat de bondel oan krêft wûn hie, as ik mear omtinken oan foarm en technyk jûn hie. No fyn ik krityk prima – elk syn smaak, elk syn oardiel -, mar as de resinsint sa’n konklúzje lûkt wylst er it wichtichste foarmelemint yn de bondel oer de holle sjocht, dan is der dochs reden om mei in replyk te kommen. Ik die dêrom in post op Facebook en ferfolgens ûntstie der in koarte, ynhâldlike diskusje tusken Abe en my.… Lês fierder