Geart Tigchelaar

Foto’s Grutte Gedichtejûn 30-01-2026

logo.ensafh

Ofrûne freed 30 jannewaris hawwe 33 dichters in fers foardroegen op de Grutte Gedichtejûn yn de smûke Rode Loper te Ljouwert, presentearre troch Myrte Marije Veenbaas. Dizze kear waard der foardroegen yn it Nederlânsk, Katalaansk en fansels it Frysk troch jong en âld, bekende nammen (û.o. Arjan Hut, Janneke Spoelstra, Elmar Kuiper) en nij talint (û.o. Eelke Veltman, Sylke Kingma, Piter Zijlstra). De fersen waarden ôfwiksele mei de Frysktalige muzyk fan Mayte. Op de GGJ is elkenien wolkom, dichters fan alle nivo’s en yn alle talen. Hjirûnder binne de foto’s te finen fan in slagge jûn!

Fotograaf Geart Tigchelaar

 

Foto’s makke op de 14e Grutte Gedichtejûn fan ensafh, yn de Rode Loper te Ljouwert.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foto’s 13e Grutte Gedichtejûn yn Harns

logo.ensafh

 

 

Foto’s: Geart Tigchelaar. Lokaasje: Het Brouwdok yn Harns

Lês fierder
Geart Tigchelaar

Foto’s Grutte Gedichtejûn 2023 ensafh

logo.ensafh

Freed 27 jannewaris 2023 wie it wer safier: de Grutte Gedichtejûn fan literêr tydskrift ensafh. Diskear op in bysûndere lokaasje: it popup kafee de Gouden Leeuw yn it gebou fan Tresoar yn Ljouwert. In gouden greep kinne jo wol sizze: in  seal yn it oars wat sterile Tresoar wie omtovere ta in soarte fan replika fan it eardere kafee de Gouden Leeuw, dat yn it ferline op itselde plak op ‘e Butterhoek stien hat.

Tenei mar in permanint plak jaan, dit kafee!

Der wie in moai oantal dielnimmers, en de sfear wie treflik. Bruno Rummler, sjonger en muzikant, wist it publyk goed by de saak te belûken.… Lês fierder