Sierk Meijer

Kekke

logo.ensafh

It is sa’n buertsje dêr’t eins noait wat bart. Fyftjin hûzen oan de trochgeande wei en yn ’e midden stiet syn kroech, mei in benzinepomp derby en dat hat in bêste slach west. Want foaral feekeapmannen meie wol graach ris oanstekke. Even tanke, gau in slokje, miskien in gehakbaltsje en wer fierder.
Dat smyt him dochs wol aardich oanrin op. Dat moat ek wol, want fan syn fêste klandyzje wurdt er net ryk. Der binne wat âlde mantsjes dy’t alle dagen komme, mar dy dogge samar in oere mei in slokje. En net mear as twa deis fansels, oars wurdt it âld minske lilk.… Lês fierder

Oene Spoelstra

De butler

logo.ensafh

 

 

Dit ferhaal is al publisearre yn Ensafh nr. 3 mei in weifallen ein. Hjirûnder is it komplete ferhaal te lêzen.

 

Swijend stiene se foar it grutte rút te sjen, menear Bentinck en menear De Beaufort. De mânske tún fan ’e bûtenpleats, famyljebesit fan Louis De Beaufort, lei fredich te wachtsjen op ’e nije besiker.

‘Soe dit wol wat wurde?’ preuvele menear De Beaufort yn himsels. Menear Bentinck hie it each net ôf fan it tichte sket oan it begjin fan de oprydleane.

‘Soe dit wol wat wurde, Adriaan? Hy praat allinne mar Ingelsk. En dyn Ingelsk is ek net al te bêst.… Lês fierder

Ineke van der Heide

Frijheid om te kiezen

logo.ensafh

De wurden fan 5 maaie golvje my noch troch de holle. Frijheid, frij om te sizzen watst wolst, frij om te dwaan watst wolst. Frij om te kiezen … wat ik wol.

21 Jier bin ik. Frou, folwoeksen en frij. Doe’t ik 15 jier wie woe ik al frij wêze, de see lonke. Ik nei de seefeartskoalle. En no moat ik it iene wurkstik nei it oare ynleverje, moat ik 6 wiken fan hûs foar staazje, moat ik myn Marcomsertifikaat helje.
Krij it hinne en wer! Frijheid is sels kieze.

ik nim dy frijheid en ik kies derfoar om yn it sicht fan de haven de hiele farderij de rêch ta te kearen.… Lês fierder

Anne Feddema

Alko Zen

logo.ensafh

Syn eagen seagen de keamer, mar it like wol oft der gjin bewustwêzen oan de trieddebedoening efter dy eagen siet. Hiel stadich mar kaam der foarm en ynhâld binnen yn brein en lea fan Lyckele Monsma. De sinne kaam hiel hurd binnen, in ûngenedige bats ljocht dy’t him in fisuele wan bruien joech, de tsjokke reade gerdinen dy’t no op ’e grûn foar it finster fan ’e dakkajút leinen moasten der mar gau wer foar, want de simmer siet der oan te kommen … Jûns langer ljocht en moarns hiel betiid alwer. Hy koe him net heuge hoe’t en wannear’t de gerdinen dêro bedarre wienen.… Lês fierder

Ate de Jong

Op ’e dea – op ’e PC

logo.ensafh

Gjin konfetty, dochs in reinbôge
It wie jierrenlang myn fak: de striid tsjin de diskriminaasje. En wolle jim wat fan my oannimme?
It falt nét ta. Fryske keatsers – jonges, mar ek folwoeksen mannen – meitsje har skuldich oan homohaat, rasisme en oare pesterijen. Op it fjild, yn ’t foarbygean, en letter yn en om de feesttinten as se wat moed ynsûpt hawwe.
Ferline jier hie ik hope dat der royaal trije reinbôgeflaggen op ’e PC hingje soenen. Mar dat wie te folle frege. Ek ien koe der net ôf. De PC-mannen sille wol tocht hawwe: ‘Dat hawwe wy ommers foarich jier al dien?… Lês fierder

Gabriëlle Terpstra

BLOEI I

logo.ensafh

Sûnt desimber wenje ik wer yn Frjentsjer, in stêd dêr’t ik ea opgroeide ta betiisde.
In stêd dêr’t ik, doe’t ik jong wie, hiel graach wei woe.
Ik hie in grutte winsk om fuort te rinnen. Dit fuortrinnen wie foar my de ultime fantasij.
Ik soe dan nei it bûtenlân gean. Gjin idee wat ik dêr dwaan soe, want ik hie fierder net folle ambysjes, útsein fuortrinne. Dat wie dan ek it belangrykste.
Op in stuit hie ik fia it ynternet sels in pedofyl, dy’t sabeare yn Amearika wenne, safier krigen om my oerfleane te litten. Myn nicht mocht ek mei, dy woe nammentlik ek altyd fuortrinne.… Lês fierder

Anne Dijkstra

Wally Tax

logo.ensafh

Boston, simmer 2005. Der kaam in man mei lang hier nêst my op it bankje sitten. Hy tôge in grut krús mei. Jezus en alles deroan. Where are you from? Oh, Holland, koe ik dan Wally Tax wol? Wis wol, fan The Outsiders. Yeah, hy soe mei ús op toernee. Ik seach Jezus ris oan. Wally Tax? Yeah man. Se wiene in Christian band, sei er, en Wally wie no yn de Hear, dat sa. It wie der net fan kaam, want The Lord hie oars beslist. Wally libbe net mear. Nice meetin’ you, hy moast wer fierder. May God bless you!… Lês fierder