Teleks: Oprop oan skriuwers: Wa wol oan it wurk yn de arke fan Rink?

logo.ensafh

Yn 2027 sil de arke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea.

Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en oare persoanlike kosten, is it ferbliuw yn de arke fergees. De skriuwer/dichter tekenet in hierkontrakt mei It Fryske Gea, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). Oars as earder it gefal wie, is de arke no ek beskikber yn’e maaitiid en by ’t hjerst en by’t winter.… Lês fierder

Teleks: Tony Feitsmapriis siket jong Frysk skriuwtalint

logo.ensafh

 

Winners Tony Feitsmapriis 2025 Pieter Zijlstra, Tiemen de Boer, Hylke van Duuren en Marije van der Eems yn Tresoar op de Gjalp- en Tony Feitsmajûn. Foto: Marieke Balk 

Tony Feitsmapriis siket jong Frysk skriuwtalint

Jongerein oant en mei 29 jier kinne wer meidwaan oan de Tony Feitsmapriis. Foar de edysje fan 2026 kinne jonge skriuwers oant 1 desimber in Frysktalich gedicht, ferhaal of essee ynstjoere mei it tema ferbining.

Nei in suksesfolle earste edysje yn 2025 is de Tony Feitsmapriis wer iepensteld. It tema foar 2026 waard bekendmakke op de Gjalp- en Tony Feitsmapriis-jûn yn it Literêr Kafee fan Tresoar ein septimber troch Tiemen de Boer, bestjoerslid fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en winner fan de Tony Feitsma Debutantepriis yn 2025.… Lês fierder

Teleks: Priisútrikking Rely Jorritsmapriis 2026

logo.ensafh

De Ljouwerter wethâlder fan ûnderwiis Abel Reitsma hat sneontemiddei 3 oktober 2026 de 72ste Rely Jorritsmaprizen útrikt yn teaterstjerke It Mammemahûs yn Jellum. Foar de Rely Jorritsmapriisfraach binne dit jier 34 ferhalen en 57 gedichten ynkommen.

De sjuery, besteande út Gerbrich van der Meer (foarsitter), Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra dy ’t de ynstjoeringen anonym ta beoardeling krige, hat 1 ferhaal en 4 gedichten bekroand.

It winnende gedicht fan Geart Tigchelaar (Jorwert) hat gjin titel. De oare winnende gedichten binne De seepappegaai seit: ‘Uhh…’ fan Janneke Spoelstra (Alde Leie), Reidseame fan Marije Roorda (Broek) en Skilderles fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl).

It winnende ferhaal is In Portugeesk ythûs fan Sytse Jansma (Harns).… Lês fierder

Teleks: Mear as santich ynstjoerings foar de Gielegou Rige

logo.ensafh

Foar de Gielegou Rige, in iepen oprop foar begjinnende proazaskriuwers om mei plannen foar Fryske romans te kommen, binne 71 ynstjoerings binnenkaam! ‘Dat is noch folle mear as dêr’t wy op hope hiene,’ reagearret Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, entûsjast. De sjuery fan de Gielegou Rige sil alle plannen no besjen en beoardielje. Op it Frysk Boekefeest fan freedtejûn 30 oktober wurde de fiif skriuwers bekendmakke dy’t in beurs fan €20.000 winne om in Fryske roman te skriuwen.

Sjoch foar mear ynformaasje by Tresoar… Lês fierder

Teleks: Ljouwert siket nije stedsdichter

logo.ensafh

Op de Europeeske Dei fan de Talen, sneon 26 septimber, is de syktocht nei in nije Stedsdichter foar de gemeente Ljouwert úteinset. De kampanje draait om de fraach: “Praatsto de taal fan ús mienskip?” De gemeente siket in dichter dy’t nijsgjirrich is, belutsen en kritysk, ferskillende perspektiven in plak jout en mei taal minsken wit te reitsjen en te ferbinen. De fakatuere stiet iepen oant en mei 26 oktober 2026.

Lês fierder by Goeie… Lês fierder

Teleks: Wa jouwe advys oer de Gysbert Japicxpriis 2027?

logo.ensafh

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2027 beneamd. Dizze kommisje sil in advys jaan oan Deputearre Steaten wa’t yn 2027 in priis krijt foar Frysk proaza. Yn 2025 hat Elmar Kuiper dizze wichtichste literatuerpriis wûn foar syn poëzijbondel Ferlosboartsje.

De advyskommisje bestiet út:

Elisabeth Post (1966). Se wurke jierrenlang as ferslachjouwer kultuer by de Leeuwarder Courant dêr’t se benammen oer Fryske literatuer skreau. Se folget de dieltiid learare-oplieding Frysk oan NHL Stenden en wurket yn it ûnderwiis;
Greet Andringa (1971). Se skreau trije romans en in ferhalebondel. Har roman Libben reach (2008) kaam út yn de rige Fryske Modernen en yn 2010 skreau se it Kadoboek Los sân.… Lês fierder