Dirkje Brouwer

It is wól in kadootsje

logo.ensafh

Ik fiel my net gau hiel dom, mar as ik in winkel fan Douglas yn stap, begjin ik my dochs echt ôf te freegjen wat ik oan myn IQ ha. Ik kom der dêrom ek net graach, mar ja Tsjerk krijt altyd in Douglas-bon mei de krystdagen fan syn wurk. Dy jout er altyd oan my en ik jou him altyd oan ús mem want ja, it is sa’n gedoch om hielendal nei dy winkel. Dit kear tocht ik yn it ramt love yourself nee, ik sil mysels bedjerre en gean dus wól sels nei de Douglas.

Ik woe BB-krêm hawwe, want dat brûk ik al jierren en foldocht my poerbêst.… Lês fierder

Jemke Visser

Hjit waar en tonger

logo.ensafh

Hoe slim wie it no wrychtich? Ast alle ûnheilsberjochten leauwe meist wie dit noch mar it begjin, benammen troch de opwaarming fan de ierde stiet ús noch wol it ien en oar te wachtsjen.
Mar earlik sein wurd ik der op dit stuit hjit noch kâld fan. Dat hat fansels te krijen mei de lizzing fan Harns, sa fuortby see. Doe’t wy hjir yn 1973 belânen waarden we warskôge: it waait der hast altyd. Mar ek as it dat net docht is it altyd in pear graden kâlder as yn de rest fan ús lân.
It skeelt in jas, sei myn skoanheit altyd.… Lês fierder

Teake Oppewal

De Gysbert Japicxpriis en de sjoernalist-kollumnist

logo.ensafh

Asing Walthaus ken ik as in man dy’t besteklik en orizjineel-iroanysk út ’e hoeke komme kin oer film of literatuer. My heucht noch hoe’t er yn septimber 2015 yn Tresoar op kundige wize in literêre jûn fersoarge mei de trije nominearren foar de Gysbert Japicxpriis fan dat jier, Elske Schotanus, Koos Tiemersma en Ale S. van Zandbergen.
Op 20 juny hie Walthaus yn de Ljouwerter krante in stikje mei as titel ‘Unfoltoaid’. Hy joech dêryn in koarte ympresje fan in byienkomst yn Tresoar dêr’t de 90-jierrige Hylke Speerstra syn argyf oerdroech. Ik wie derby en ik kin de treflikens fan it stik befêstigje – op ien sin nei: ‘Door Friese kinnesinne heeft Speerstra nooit de Gysbert Japicxpriis gekregen, maar dat terzijde.’… Lês fierder

Jemke Visser

Moet met vliegtuig …

logo.ensafh

Ja, Trump ek faak op syn segenrike misjes. Op ’e falreep, foar’t er mei syn bespotlike reade MAGA-pet op foaroerbûgd it fleantúch ynsjokt, ferblidet er it minskdom yn in pear simpele wurden mei syn geweldige plannen, dy’t lykwols allinne mar liede ta al mar mear minsklik lijen.
Binne der yn ’e goedichheid net mear by machte om sokke idioaten tsjin te hâlden, Amerikanen dy’t harren de eagen út de kop skamje dat se de wrâld mei sa’n ien opsadele hawwe?
Fia WhatsApp krij ik sa no en dan hilaryske filmkes oer him. Under oare ien mei Willem en Maxima yn it Witte Huis, dy’t, as wiene se op skoallereis, út harren dak geane.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Wat Ilse betsjut

logo.ensafh

Juster wie ik op in begraffenis. Nee, ik moat sizze op in kremaasje. Ik koe de ferstoarne net en ek net de famylje. Dat krijst yn in twadde relaasje, dan kinne jo yn in famyljerûnte bedarje dêr’t jo net ien fan kenne. Noait ien fan earder sjoen en in relaasje mei opboud.
Alderaardichste minsken oars, sa te sjen. Kreas yn ’e klean, iepen gesichten. Waarm mei-inoar. Minsken dêr’t je wol in libben lang mei omgean wolle. Mar ja, wy ha no ienkear gjin libben lang mear.

It ôfskied fan de ferstoarne wie ek waarm en leaf en ik fielde mei de bern en beppesizzers mei.… Lês fierder

Huub Mous

Gerard Reve, Fryslân & de Fryske taal 

logo.ensafh

Op 8 april l.l. wie it tweintich jier lyn dat Gerard Reve yn ’e âldens fan 82 jier yn in Belgysk ferpleechhûs ferstoar. Op 14 desimber 2013 soe er 90 jier wurden wêze. By dy gelegenheid waarden der alderhande aktiviteiten organisearre – yn Amsterdam likegoed as yn Fryslân – dy’t noch ris sichtber makken hoe bot syn namme rûnsjongen bleau tusken wenplak en ûnthâld.

Wylst yn Amsterdam weromsjoen waard op de skriuwer dy’t de stêd ea ‘doeme’ neamde, klonk yn Fryslân in hiel oar langstme: de rop om him werom te heljen nei Greonterp, nei it tsjerkhôf by de klokketoer, ticht by Huize Het Gras dêr’t er syn meast besiele wurk skreau.… Lês fierder

Henk Nijp

Ai, ai, gjin diskusje mooglik

logo.ensafh

Us besoarchster is trou, der giet eins nea wat mis. Waar of gjin waar, mist of sniedunen, glêde diken, stjalpbuien, hjitteweagen, glûpende kjeld: elke moarn falt er op ’e matte, al foar achten, útsein op sneon, dan wol it wolris wat letter wurde. By wize fan sprekken dan, want se triuwt ‘m yn ’e bûtenbus. Wy ha net iens sa’n klep yn ’e foardoar.

Ik bin der mar wat wiis mei, mei de krante. As it min waar is en ik net tefolle oare drokten ha, sit ik gauris in pear oeren deis yn ’e krante. En dan ha ik it dus oer in echte krante, en net ien op in skermke.… Lês fierder