Henk van der Veer

Forever Kaatskoaning fan Ysbrechtum

logo.ensafh

Ut is frijdach 10 júly 2026 en we sitte alwear in de derde hittegolf fan dit jaar. In Ysbrechtum is ut dy middach un graad òf 25, met un matege oastewyn. Niks mis met en ideaal wear om an’e earste kaatsclinic in myn leven te beginnen. Tegare met myn PC-maten staan we op ut kaatsfeld fan KF Yn’e Flecht.

Met disse mannen gaan ik al un antal jaren naar de hoochmis fan ut kaatsen in Franeker. Dêr op en f’ral rond de kaatsarena fan ut Sjûkelaan beleve wij kear op kear moaie uren. Of we ok un bitsje ferstaan fan ut kaatsten hewwe?… Lês fierder

Jemke Visser

Simmer yn Frankryk 1989

logo.ensafh

Lykas gâns wat generaasjegenoaten hawwe wy der mei auto en tinte gauris yn fakânsjes op ferskate plakken west, tafallich no krekt net dêr’t no al dy aaklike boskbrannen binne. It sil je mar oerkomme, evakuearje fan in camping… hoewol’t it foar de bewenners dêr fansels noch folle slimmer is.
Op ‘quatorze juillet’ 1989 kampearden we yn Brantôme oan de Dronne, in sydrivierke fan de Dordogne. Op dy dei wie de bestoarming fan de Bastille 200 jier lyn en dat waard as symboalyske start fan de Frânske revolúsje rûnom op glorieuze wize fierd.
Yn it tichteby lizzende Bourdeille wie by it kastiel dat de revolúsje sels noch meimakke hie, de hiele dei in kleurryk spektakel mei histoaryske tafrielen, muzyk en dûns.… Lês fierder

Dirkje Brouwer

It is wól in kadootsje

logo.ensafh

Ik fiel my net gau hiel dom, mar as ik in winkel fan Douglas yn stap, begjin ik my dochs echt ôf te freegjen wat ik oan myn IQ ha. Ik kom der dêrom ek net graach, mar ja Tsjerk krijt altyd in Douglas-bon mei de krystdagen fan syn wurk. Dy jout er altyd oan my en ik jou him altyd oan ús mem want ja, it is sa’n gedoch om hielendal nei dy winkel. Dit kear tocht ik yn it ramt love yourself nee, ik sil mysels bedjerre en gean dus wól sels nei de Douglas.

Ik woe BB-krêm hawwe, want dat brûk ik al jierren en foldocht my poerbêst.… Lês fierder

Jemke Visser

Hjit waar en tonger

logo.ensafh

Hoe slim wie it no wrychtich? Ast alle ûnheilsberjochten leauwe meist wie dit noch mar it begjin, benammen troch de opwaarming fan de ierde stiet ús noch wol it ien en oar te wachtsjen.
Mar earlik sein wurd ik der op dit stuit hjit noch kâld fan. Dat hat fansels te krijen mei de lizzing fan Harns, sa fuortby see. Doe’t wy hjir yn 1973 belânen waarden we warskôge: it waait der hast altyd. Mar ek as it dat net docht is it altyd in pear graden kâlder as yn de rest fan ús lân.
It skeelt in jas, sei myn skoanheit altyd.… Lês fierder

Jemke Visser

Moet met vliegtuig …

logo.ensafh

Ja, Trump ek faak op syn segenrike misjes. Op ’e falreep, foar’t er mei syn bespotlike reade MAGA-pet op foaroerbûgd it fleantúch ynsjokt, ferblidet er it minskdom yn in pear simpele wurden mei syn geweldige plannen, dy’t lykwols allinne mar liede ta al mar mear minsklik lijen.
Binne der yn ’e goedichheid net mear by machte om sokke idioaten tsjin te hâlden, Amerikanen dy’t harren de eagen út de kop skamje dat se de wrâld mei sa’n ien opsadele hawwe?
Fia WhatsApp krij ik sa no en dan hilaryske filmkes oer him. Under oare ien mei Willem en Maxima yn it Witte Huis, dy’t, as wiene se op skoallereis, út harren dak geane.… Lês fierder

Giny Bastiaans

Wat Ilse betsjut

logo.ensafh

Juster wie ik op in begraffenis. Nee, ik moat sizze op in kremaasje. Ik koe de ferstoarne net en ek net de famylje. Dat krijst yn in twadde relaasje, dan kinne jo yn in famyljerûnte bedarje dêr’t jo net ien fan kenne. Noait ien fan earder sjoen en in relaasje mei opboud.
Alderaardichste minsken oars, sa te sjen. Kreas yn ’e klean, iepen gesichten. Waarm mei-inoar. Minsken dêr’t je wol in libben lang mei omgean wolle. Mar ja, wy ha no ienkear gjin libben lang mear.

It ôfskied fan de ferstoarne wie ek waarm en leaf en ik fielde mei de bern en beppesizzers mei.… Lês fierder

Henk Nijp

Ai, ai, gjin diskusje mooglik

logo.ensafh

Us besoarchster is trou, der giet eins nea wat mis. Waar of gjin waar, mist of sniedunen, glêde diken, stjalpbuien, hjitteweagen, glûpende kjeld: elke moarn falt er op ’e matte, al foar achten, útsein op sneon, dan wol it wolris wat letter wurde. By wize fan sprekken dan, want se triuwt ‘m yn ’e bûtenbus. Wy ha net iens sa’n klep yn ’e foardoar.

Ik bin der mar wat wiis mei, mei de krante. As it min waar is en ik net tefolle oare drokten ha, sit ik gauris in pear oeren deis yn ’e krante. En dan ha ik it dus oer in echte krante, en net ien op in skermke.… Lês fierder