‘Wa binn’ myn maten op dy wilde feart
Wa binn’ mei my, dy’t wyn noch romte keart?’
Dit sitaat út in gedicht fan ‘e Fryske dichteres Rixt liket alhielendal te passen by de lokaasje dy’t útkeazen is foar de útfiering fan ‘e
minimalistyske ienakter ‘Drama mei deade dichters’
op it hystoaryske beurtskip Stânfries X, flaggeskip fan ‘e Museumhaven, oan ‘e Wirdumerpoortsdwinger 8 yn Ljouwert (by de Mercuriusfontein).
It kostuumdrama fertelt it ferhaal fan de trije histoarysk ferneamde Fryske dichteressen Simke Kloosterman (2026: 150ste bertedei!), Rixt en Ella Wassenaer. Yn ‘t earste oankommen lykje de wurden fan Rudyard Kipling ‘East is east, west is west, and never the twain shall meet’ fan tapassing te wêzen.… Lês fierder