Douwe Kootstra

Provinsje: Foar in dûbeltsje op de earste rang

logo.ensafh

Kollum útsprutsen foar ‘Polityk moetet literatuer’ op 14 febrewaris 2019 yn Tresoar

Dêr sitte wy dan wer, it espeltsje usual old Frisian cultural suspects, krekt as fjouwer jier lyn, op itselde plak. Wat wie ’t doe in fleurige jûn. Ja, gesellich, mar fierder in winterjûnenochtfoarstelling dy’t yn de resinsjes mei muoite ien stjerke helle. Allegear o sa leaf foar elkoar, doe, dy akteurs, benammen neat sizze, mar boppe al dy optimistise listlûkers – want zetelwinst! zetelwinst! – seach ik skiere wolkjes hingjen mei twa dúdlike teksten, ôfhinklik fan de grutte fan de partij. Earste tekst: ‘Mei ik asjeblyft ek ris meidwaan?’, en, de twadde tekst: ‘Wa komt yn ’e beneaming foar in fjouwerjierrige kick out?’ It is altyd itselde fertoan, want it is ommers koälysjepolityk.… Lês fierder