Hindrik Spin

Wite roas foar Master Dr. Tr.

logo.ensafh

Dyn hûn leit yn tinzen en mei sin
op it flierkleed en slacht net oan.

Moat ik dy kenne, bist ferâldere;
de eagen binne hjoed wat min en
dêr troch de stege, dêr moatst gean;
tsjin de Martini oer spilet Macbeth.

O Frjentsjerter Ier; do wite roas
dy’t ferwylje mei yn ’t lichte hout
en dy’t stadich raant, moai gau
oan it ivige yn Wyns gewoan.

In gleske op dyn muzen en kosten
nei’t sprekkers skriemen ferbeaen,
dat ik ha de sinnebril mar opset;
net om de triennen te kearen.

Yn dyn hûs fan leafde wennet frede,
wol myn agnostyske god segen ha.… Lês fierder

Hindrik Spin

buorlju

logo.ensafh

Yn septimber binn’ de buorlju fuort;
is in wike dat ik net hear hoe’t
se hoasfuotlings de doar op en ta,
it paadsje feie en fage.

Om healwei alven alle jûnen
it ammerke ûnder de kraan;
dweil útwringe fan it flierdweiljen.

Se sizze nea wat, gjin knikje
kin der ôf, wylst ik yn har oere fan sykte
steefêst bid ta myn agnostyske god.

Leaver hear ik de slaande doarren
en de jellende bern oan ’e belle,
om in Haribo (petit et gros):
Hé, Jacob mogen wij een snoepje?

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Hindrik Spin

Gjin langjen noch praat der fan

logo.ensafh

Wa’t alle langst opjout, alle bining
oan besit of eigenikkigens, fynt frede.

(Eric Hoekstra op www.ensafh.nl 25 o/m 28)

Do hingest mei de snút yn ‘e sjitpot om
En om lucht ferlegen bist, dat ik slaan
As in ûnbeskaafdenien mei de flakke hân
Rea plak dy op ‘e frêle rêch, in jaan

As is ‘t fjurrige leafde dy’t ik yn dy skroei;
No sykhellest wer frij en mei ik daalk
Jasizze op de earste fraach fan dy:
As ik dy wat freegje mei, mei dat?

Mei fansels, want tsjinakselje ja hoesa
Yn ‘t begjin fan dit loftich petear, op syk nei
De húsfrede en op it kokhalzjen nei fan dy
En trije kear dyn prústen foar moai waar?… Lês fierder

Hindrik Spin

Sokkebiter

logo.ensafh

Yn ús greidene lân fan fuotsjefinne
Jout it notiids lijen mei de sokkebiter
Yn wite en swarte, yn smoarge en skjinne
Yn sokke sokken byt de sokkebiter

En dat is oars net sa swiere slim
Mar mei ús teannen der noch yn, h’m
No, dan witst fan tinken bêst
Sok in sokkepassy is sok in lêst

De sokkebiter sit ûnder de taffel
Fan elkenien mar benammen by ús
Sitte we oanklaud mei dizze waffel
Sokkebiter ha ’k tocht wat in krús

It kin gâns in skoft duorje, jawis
Ear’t de sokkebiter der efter is
Dat sokkebite in minne professy is
Dat der oars wat om yn te biten is

Dat feintsje dat dêr no yn sokken byt
Fan keallekeapman of dyn sok
De klompsok fan d’ âldman, sokken ek
Dat feintsje dat dêr no yn sokken byt

Noch gjin aan fan kraak en smaak
Mar fan swit en plúskes wit er aanst wol
Sokken ha de eigenskip wol
Mar dy knobbelteannen, jakkyblaak

Dat op in moaie dei dan is ’t oer
Mei sokkebiten, hoe’t it sit
Stiet net krekt beskreaun mar wat oer
De buorren giet is wat elkenien wit

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder
Hindrik Spin

Fryslâns fryt

logo.ensafh

’Ladies and gentlemen of all countries, I come from Friesland
and that makes me feel like a potato.’

Skile, skile, sprút der ut, de earpels klear foar de panne binne
Fan mem, dy’t op it fjoer oanstiet en wakkeret yn wêzen.
Alle bern krije earpeltsje-stip yn ’e dagen fan de leppels sjú.

En op sneontemiddei en se allegear skjinwosken binne
Mei it hier yn ’e wiete kuif en de klean al oan foar it wêzen;
Dan brekt de gloarje fan de kosmos troch, yn koar: nondejú!

O earpeltsje-stip, dit haw’ wy net ferwachte, we tinke en stinne
Op de âlderdom om en wolle graach en gau wat oars yn wêzen.… Lês fierder