Jabik Veenbaas

Komposysje mei ljochtblauwe bikini

logo.ensafh

riist op út it sân it famke
sjocht de see
fljocht

de ljochtblauwe bikini fljocht it jonkje
mei it skepke fljocht de parasol fljocht de bal
fljocht de ljochtbal de sinnebal

it strân fljocht!

it strân fljocht oer it fjurrige it ljochtblauwe
famkesstrân fljocht de fjurrige himel oer de
ljochtparasol de sinnebal de simmersinne heech
fljocht de sylboat heech oer de sinnesee it ljochtflugge
seil fljocht hoe heech fljocht it ljochtblauwe himelljocht mei de lange
famkesskonken!

djip dêrûnder de krabben dy’t fluch oer de
ljochtblauwe ljochtboaiem fleane

it ljochtblauwe bikiniljocht it fljocht de ljochtsinne fier troch
de lange ljochtnacht de fjoernacht fljocht de nachtsinne op
út it ljochtblauwe sân it sinneljochtsjende it waarme
it ljochtkerrelige famkessân it langskonkige
sinnesân sa licht en ljocht fljocht oer myn hân hinne… Lês fierder

Jabik Veenbaas

Iepenbiering

logo.ensafh

ik, de sultansinne, de alnimmende, de
ierdeomfiemer

kaam swierlivich del fan myn djipblauwe treppen
skopte de hite dunen út myn skoech en
switte de see. op myn hongerich befel
riisden út it wiet de wrinzgjende froulju
sloegen wyld mei de sturt en lieten har

falle: it wie in bleate
bea fan billen dy’t him begearich
nei my takearde: lea! lea!

ik, de sultansinne, de seeswittende, ik
hillige har loai mei myn hinglippen
en fear wolkeleas op

och hoe leaf it hier fan lytse berntsjes
as helmgers groeide… Lês fierder