Andries Miedema

Mandelstam: ‘In ile reekplom dy’t him yn it swurk ferliest,’

logo.ensafh

 

In ile reekplom dy’t him yn it swurk ferliest,
ik soe no ek, fersmacht’ troch frijheid, kâld, it friest,
yn in serene sang de wrâld it leafst ferlitte,
ferdwine foar altyd. Troch de besnijde strjitte
moat ik lykwols gean op dizze lette jûn.
It westen gloeit noch nei en ergens blaft in hûn,
‘k kom op myn paad sa no en dan passanten tsjin.
Net sprekke graach! Wat andert ‘k jo ek skuldich bin.

Oersetting: Andries Miedema

Brûkte edysje: Rusland – Lethe – Lorelei, útjouwerij Azazello, 2005
Nederlânske oersetting fan Nina Targan Mouravi
Lês fierder

Andries Miedema

Mandelstam: ‘As in mearstimmich famkeskoar, ynbannich mongen,’

logo.ensafh

 

As in mearstimmich famkeskoar, ynbannich mongen,
sjonge de tsjerken, iders mei syn eigen klank.
Ik sjoch yn stien de rûne wynbraubôgen fongen
fan de Oespenskikatedraal, sa heech en rank.

Ik seach fan de troch aartsingels fersterke wâlen
fan wûnderbare hichte gâns de stêd oerdel.
Ik waard troch smert yn ‘e Akropoalis dêr oerfallen
om al dat ik ta Ruslâns namme en skientme tel.

Ik sjoch it wûnder fan in hôving yn in slomme
dêr’t yn it swurk de dowen koere tsjin it blau,
dêr’t troch in non de âlde sangen ta ús komme,
sierlike Oespenskikatedraal – Florence yn Moskou.

Tusken dy fiifkoepelige prûze katedralen
dy’t Italjaansk en tagelyk sa Russysk binne,
sjoch ik Auroara hjir opnij op ierde dalen,
mar dan yn bûnt en mei de namme fan in Russinne.… Lês fierder

Andries Miedema

Mandelstam: Konsert yn it stasjon

logo.ensafh

 

Ik krij gjin lucht, om’t ’t swurk fan maitsen krielt
en nergens is in stjer dy’t my wat meldt.
Mar der is muzyk dy’t it stasjon besiel’t,
faaks binn’ dêr sanggoadinnen mei besteld.
Soms dat it fluitsjen fan ‘e trein de klank fernielt,
alear’t de strikersgroep ta ien wer gearsmelt.

In park. De glêzen stolp fan de stasjonshal.
Betsjoend is ’t ryk fan stiel en steam.
Yn ‘e bewalme, himelske gehoarseal, oer ’t al,
spraat in wagon syn galmjend spul, ik neam:
in pauwegjalp en Steinway’s swiere tongfal.
Ik bin te let. Bin bang. Dit is in dream.

Fan fioelen klinkt dêr lûd it kleiliet
en ik gean yn ‘e hal, dat glêzen wâld,
dêr’t woast de wel fan ’t nachtlik koar kryt,
de rook fan roazen yn in moffe kas tahâldt.… Lês fierder