Melvin van Eldik presintearret op 25-02-2010 wer in Liwwadder Poëzieavond yn Theater de Bres te Ljouwert. By it Literêr Sirkwy yn Museum Belvédère op 21-02-2010 makke dizze alsidige artyst grutte yndruk mei it fers ‘loverboy.’ Sjoch foar mear ynformaasje www.melvinvaneldik.nl
loverboy famke
sêft kreakjend lûd
iepenslaand
sliepkeamerfinsterkezyn
al in skoft fertroud
de reinpiip
as in dûnsjende kobra
tsjin in muorre fan in algengrien masker
seit eltse kear wer: “au”
en dan troch de nacht, dêr’t sij eltse poarje al fan kin
ûnderweis nei de rôze dize, dy’t de geilens reaget
út de eagen fan de doarmjende rútridders
de protte nammen fan de leafde by del
mem hat hiele grutte earen
mar heart hielendal neat
heit bestiet allinnich op fergiele foto’s
yn stjonkende, brune doazen fan ribbelich striekarton
sij witte net fan har folgroeide liif
dat te keap is yn tsjustere stegen en gloppen
dêr’t glûpende ronselers ronselje yn glimmende boesgroentsjes
de drippende shoarmasauzen om it pûstige kin
Barbie al in tiid ûntgroeid
sil sij it ea better witte?… Lês fierder