Op 9 septimber 2009 is Alpita de Jong promovearre oan de Universiteit van Amsterdam. Se die dat op in ûndersyk nei it Europese netwurk fan de Fryske gelearde en skriuwer Joast Hiddes Halbertsma (1789 -1869), dat resultearre yn de dissertaasje Knooppunt Halbertsma, dêr’t in hannelsedysje fan ferskynd is by Uitgeverij Verloren yn Hilversum.

Alpita de Jong hat fan 1998 oant en mei 2004 redaksjelid west fan Hjir, de foargonger fan ensafh. Se is de gearstalster fan in boek mei oersettingen fan Frysk proaza troch de ieuwen hinne, Fries stamboek – 500 jaar proza uit Friesland, dat yn 2000 útkaam bij Uitgeverij Contact yn Amsterdam.… Lês fierder