Hjoed moast ik ynienen tinke oan ús pake, dy’t feehanneler wie. Om’t er frjemde wurktiden hie, wie er eins noait mei itenstiid thús.
Yn de jierren sechstich en santich fan de foarige ieu wiene der yn pake syn hûs gjin gaskachels, en al hielendal gjin sintrale ferwaarming. Hy hie houtkachels. Twa. Ien yn de foarkeamer en ien yn de achterkeamer. Yn de keuken, it klompehok en boppen wie der gjin ferwaarming. Beppe hie op it graniten oanrjocht wol in twapitsgassteltsje op butagas te stean, en fierders hie se twa petroaljesteltsjes om iten op te sieden of der waarm op te hâlden.… Lês fierder