De Jiergearkomste 2013 fan de KFFB wurdt hjoed hâlden yn de Kuriostsjerke te Ljouwert. Op it momint dat de seal om 14.00 oere hast fol sit, hjit KFFB-foarsitter Johannes Bakker alle KFFB-leden yn de seal wolkom. Bakker iepenet dizze gearkomste mei de earste ferzen fan Psalm 37, om’t dat de ferzen binne dy’t ôfrûne tiisdei ek lêzen binne yn de routsjinst foar Jurjen Faber fan Wikel, de beëage nije bestjoerder foar de KFFB, dy’t ferline wike sa hommels is ferstoarn, noch mar 58 jier âld. “Wês stil foar de Heare“, lêst de foarsitter, en nei dizze skriftlêzing betinke wy Jurjen Faber yn in momint fan stilwêzen.… Lês fierder