Op 31 jannewaris ferskynt Ravensulver, myn, twatalige, sechsde dichtbondel. En nei alle gedachten ek myn lêste.
Dichters hawwe gjin rjocht fan bestean yn dit earmoedige Frysk-kulturele fermidden. Se ha gjin publyk, gjin opdrachten, gjin ynkomsten, gjin status, neat. Der steane in Frysk dichter mar trije mooglikheden iepen: 1) krekt dwaan as bliedt syn noas, 2) innere Emigration tapasse, sa’t skriuwers yn de nazitiid diene, of 3) hieltyd synysker en aloan lilker in hopeleaze striid fiere, op kosten fan eigen liif en lea en geastlike sûnens.
Lês fierder by Abe de Vries… Lês fierder