Gjin skriuwer dy’t sa moai en mei safolle humor de spot driuwe kin mei de minsklike swakheden as Molière. Foaral minsken dy’t har justjes riker, foarnamer of wizer foardogge as se binne, hiene it gau bedoarn by him. En dokters, dy koene hielendal gjin goed dwaan. It bêste dat in minske oerkomme kin is stjerre sûnder earst yn hannen fan de medyske stân te fallen, safolle wurdt ek yn ’De hear fan Ocksefurd’ wol dúdlik.
Lês fierder by Gouden Gurbe… Lês fierder