De deis fan de Grutte Gedichtejûn siet ik hinne en werom neist Pier Boorsma yn de trein. Sa kamen wy te praat oer in (njonkenlytsen âld) probleem: it lytse bytsje essays dat der yn it Frysk skreaun wurdt. Ien dy’t yn syn tiid wol in warber Frysk essayist wie, wie lykwols Jo Smit (1916-1991). Fan Smit hie ik al de moaie ferhalebondel Bisten en boargers, en ek syn boarterijke Stôk en ballen, mar syn skôgjend proaza (dêr’t er yn 1963 méi de Gysbert foar krige) koe ik net.
Lês fierder by André Looijenga… Lês fierder