It binne nuvere ljippen dy’t boppe de ensafh-greide omskermesearje. Oan ‘e iene kant konstatearret de NachtRider ta syn djippe freugde dat de redaksje nei trije jier einlings by steat is en kom mei in temanûmer. Oer berneliteratuer, mar goed, dat is ek belangryk.
En ek op ensafh.nl hat de flagge wolris minder moai yn ‘e wyn hongen, ek al hat it noch altyd net it measte om ‘e hakken en wurdt dêr digitaal ek hiel wat ferliteratuereluld, sjoch bygelyks it folslein oerstallige “besprek” troch redaksjelid Van der W. fan in dichtbondel fan redaksjelid S.
Lêsd fierder by de Nachtrider… Lês fierder