Dus no leit der in earste ferzje fan in manuskript. Op it stuit dat ik dit skriuw is myn fêste redaktrise tusken it fleisbrieden en earpelskilen drok dwaande om it te lêzen. En gean der mar fan út dat it je daliks meinimt, want ik leau dat der krekt wat tefolle reek boppe de fleispanne hong. Goed teken, dat lêzers nei tweintich siden der sa yn sitte dat se it iten oanbaarne litte, is ’t net sa?
Lês fierder by Ferdinand de Jong… Lês fierder