Krekt siet ik efkes op’e webside fan de Omrop. Seach ik dêr it berjocht dat de Fryske Anjer útrikt is.
Yn it ferline ha minsken as Rients Gratama, Jos Thie en Baukje Wytsma dy priis alris krigen. Yn 2010 wie de Anjer foar keramykmuseum Princessehof. Poerbêst, nei myn idee, want dit binne minsken/ynstellings dy’t de Fryske kultuer en tradysje in waarm hert tadrage en dêrmei ek de boer op geane. It Frysk, de Fryske folksaard en folksskiednis komme sa ta har rjocht en wurde op in geweldige wize ûnder de minsken brocht. It binne ek minsken/ynstellings dy’t net fan juster binne, mar al jierren foaroan steane yn har fakgebiet.… Lês fierder