Wannear’t ik troch bgl. Ljouwert rin, ûntkom ik der net oan dat ik ôfharkje yn hokker talen de minsken op strjitte prate. Yn it begjin falt it altyd ôf: in soad ‘gewoan’ Nederlânsk. En dan net iens mei in noardlike tongfal, mar fan dat rânestêdlike middenklasse-Hollânsk. Of fan dat ‘allochtoan’ klinkende Nederlânsk, mei ferkearde lidwurden, ek wol by jongerein dy’t der hielendal net Net-Westersk útsjogge. Mar in pear stappen fierder hear ik dan dochs in heale sin yn it Frysk.
Lês fierder by André Looijenga … Lês fierder