Op it stuit binne wy yn Frankryk, yn’e Franche-Comté, in streek mei in nijsgjirrige konneksje mei de Nederlannen. Dit eardere ‘frije greefskip’ hearde nammers by de Bourgondyske erflannen fan Karel V en Filips II. Krekt as Fryslân dus. Yn’e sechtjinde ieu wiene de machtichste famylje yn’e Franche Comté de Granvelles, dy’t hege steatsamten foar de niisneamde foarsten ferfollen. Yn’e eardere haadstêd fan it greefskip, Dole, dat wy juster besocht hawwe, stie eartiids in universiteit. Dêr hat Viglius fan Aytta noch studearre, en is er yn’e kunde kommen mei heit en soan Granvelle dy’t syn karriêre yn keizerlike en keninklike tsjinst bot befoardere hawwe.… Lês fierder