Us wrâld is mar lyts, dat nei alle gedachten ken elke Fries persoanlik wol in Fryske skriuwer of dichter. De kâns is nammentlik grut dat je by ien yn ’e klasse sitten ha dy’t de oanstriid hie om syn brea der mei te fertsjinjen,of dat je by ien op ‘e streek wennen dy’t it graach wurde woe. It kin ek samar datje ergens by’t fierljeppen, by it keatsen of op de mar yn ‘e kunde kamen mei iendy’t it al wie. Sels hjoed de dei kom je se yn ’t wyld maklik tsjin. Se sittenet allegear nacht en dei achter it kaaiboerd te switten foar it masterwurk datalle ferkeapsifers oertreffe moat.… Lês fierder