It toppunt fan it boekefeest is lykwols in optreden fan it Lemster Manljuskoar. De NachtRider hopet dat se allegear komme sille, de om en by hûnderttweintich leden yn harren Fryske kostúms, en dat se nei ôfrin werom nei de Lemmer ride sille mei in Frysk boek.
Oer de literêre kwaliteit fan it oanbod – oft it no om fersen, oersettings, foardrachten of wat dan ek giet – hat de NachtRider it net, mar it boekeprogramma is dit jier net allinne nostalgysk, it liket ek frijwat nuet te wurden. Gjin Kristus Pavlov. Gjin Tin. Gjin Granytglimkes. En al hielendal gjin Beest.
Lês fierder by de Nachtrider… Lês fierder