Seis tydskriften troch nei folgjende subsydzjeronde

logo.ensafh

Ooteoote meldet:

Afgelopen september ging het ‘Initiatief literaire tijdschriften’ van start. Dit initiatief – dat is opgezet door het Prins Bernhard Cultuurfonds en het Nederlands Letterenfonds – biedt drie redacties de kans om hun literatuurperiodiek verder te ontwikkelen op papier, internet en op het gebied van publieksbereik. De fondsen hebben hiervoor gezamenlijk een bedrag van € 100.000 ter beschikking gesteld.

De adviescommissie, bestaande uit Ton AnbeekAri DoeserNynke KruiderinkAnnemiek Neefjes enThomas Verbogt, heeft maar liefst 17 subsidieaanvragen ontvangen, zowel van oudgedienden als nieuwkomers. Uit berichtgeving op Facebook valt inmiddels op te maken dat zes literaire tijdschriften doorgaan naar de volgende ronde.… Lês fierder

Reaksje FFU op yntegrale beliedsnoata kultuer, taal en ûnderwiis ‘Grinzen oer’

logo.ensafh

Skriuwerskip:

Drs. S.T. Hiemstra

G. Sondermanstrjitte 29

9203 PT DRACHTEN

Oan:

– it kolleezje fan Deputearre Steaten

– de leden fan Provinsjale Steaten

Provinsjehûs

Twibaksmerk 52

Postbus 20120

9800 HM LJOUWERT

Drachten, 5 jannewaris 2013

Underwerp: reaksje FFU op yntegrale beliedsnoata kultuer, taal en ûnderwiis Grinzen oer, sept. 2012

Risnabel kolleezje fan Deputearre Steaten, rju achtbere leden fan Provinsjale Steaten, Hjirby jouwe wy in stikmannich opmerkings en winsken by de yntegrale beliedsnoata ‘Grinzen oer’ dy’t ta doel hie om it nije belied foar kultuer, taal en ûnderwiis 2013-2016 stal te jaan en dy’t allinnich yn syn earste, foarriedige ferzje (sept.… Lês fierder

Brief Skriuwersboun oer skriuwersbeleanningen

logo.ensafh

poep

brief: skriuwe op it jan poepsplak

Tresoar
T.a.f. de Direksje
Postbus 2637
8901 AC LJOUWERT

Tialda/Steven Sterk
T.a.f. de Direksje
Postbus 234
8400 AE DE GORDYK

Giet oer: skriuwersbeleanningen

Ljouwert, 6 jannewaris 2013

Achte direksje,

Fan ien fan ús leden krigen wy it fersyk ris te sjen nei de fergoeding dy’t oanbean wurdt foar it opnimmen fan fersen yn de bondel ‘Oer de wjuk’.

Yn it skriuwen fan Tresoar oan de skriuwers fan de blomlêzing wurdt oer de rjochten it neikommende opmurken:
“ Wy freegje jo hjirby om jo tastimming foar it opnimmen fan jo fers. As fergoeding kin Tresoar jo twa presinteksimplaren fan de bondel oanbiede.

Lês fierder

Oersetting(s) Klaas Bruinsma fan The Canterbury Tales

logo.ensafh

Nij op it webstek fan de Feriening Frysk Underwiis, 26-12-2012: Oersetting(s) makke troch Klaas Bruinsma fan The Canterbury Tales (Geoffrey Chaucer) yn it Frysk (‘Kenterboarger Teltsjes’).

Bruinsma syn oersetting is net as ‘gewoan’ boek yn de boekhannel te keap. It omstaverjen en digitalisearjen is dien troch drs. Sytze T. Hiemstra.

Klik op de side fan  : It teltsje fan de mûnder (The Miller’s Tale)Lês fierder

23-03-13 Sirkwy Sympoasium ‘See, see, do wide see!’

logo.ensafh


See, see, do wide see!
Sirkwy Sympoasium 23 maart 2013

Yn 2013 hawwe in oantal saakkundigen út it literêre fjild, krekt as yn 2011 en 2012, de opdracht oannommen om in essee te skriuwen oer in ûnderwerp út de Fryske literatuer en dat (yn koartere foarm) te presintearjen yn in lêzing.
Yn tsjinstelling ta de eardere edysjes wurde de lêzingen no op ien middei presintearre, dêrom de term ‘sympoasium’. De folsleine teksten fan de essees ferskine yn in spesjaal nûmer fan it literêr tydskrift Ensafh.

Dit jier is as tema keazen de rol en de betjutting fan de see yn Fryske folkslieten, literêre ferhalen en de moderne poëzij.… Lês fierder

31-01-13 Presintaasje dichtbondels Abe de Vries en Edwin de Groot (bywurke)

logo.ensafh

útnoeging / uitnodiging

Utjouwerij HotSum noeget jo mei út namme fan Edwin de Groot, Abe de Vries, de Contrabas en Tresoar fan herten út foar de presintaasje fan twa twatalige dichtbondels op Gedichtedei yn Tresoar, Ljouwert. Mei û.m.:
– Foardracht;
– Twa winners fan foardrachtskriich FERSTIVAL;
– Anne Tjerk Popkema oer literêr oersetten;
– Muzyk fan Herman Peenstra;
– Penneldiskusje oer oersetten û.l.f. Teake Oppewal
31 Jannewaris, Tresoar, 16.00 oere.
Uitgeverij HotSum nodigt u mede uit naam van Edwin de Groot, Abe de Vries, de Contrabas en Tresoar van harte uit voor de presentatie van twee tweetalige dichtbundels op Gedichtendag in Tresoar, Leeuwarden.Lês fierder

Website Skriuwersboun fernijd

logo.ensafh

De website fan it Skriuwersboun is nei in oare provider ferhuze en wurdt mei WordPress byholden. In foardiel fan WordPress is dat, mocht it bestjoer dat (yn de takomst) wolle, ek oaren as de behearder berjochten pleatse en reaksjes moderearje kinne. Op dit stuit is de reaksjemooglikheid útskeakele.

Allinne de wichtichste nijs- en agindaberjochten fan 2012 binne op de nije site pleatst. Wa’t it ‘âldnijs’ mist, kin òf wachtsje op it jierferslach fan it bestjoer óf my in mail dwaan om in berjocht op te freegjen.

Tip: Bliuw op de hichte fan alle aktiviteiten fan it Skriuwersboun troch jo te abonnearjen op de side.… Lês fierder