Ultrakoarte ferhalen by Omrop Fryslân

logo.ensafh

Fanôf 7 jannewaris ferskine der wykliks ultrakoarte ferhalen fan Nyk de Vries by Omrop Fryslân. Se binne te hearren yn it programma Omnium en wurde letter werhelle yn it programma Buro de Vries. De ferhalen binne in soarte fan mini-hoarspullen fan ûngefear in minút lang. Guon fan ‘e ultrakoarte ferhalen ferskynden earder yn ‘e Frysktalige tydschriften Ensafh en de Moanne. De ferhalen binne troch Nyk sels ynsprutsen en fan lûden foarsjoen. www.nykdev.nl www.omropfryslan.nlLês fierder

17-01-13 Leeuwarder Poëzie Avond

logo.ensafh
Leeuwarder Poëzie Avond 17 januari 2013 in De Bres.

Donderdag 17 januari 2013 is er weer een Leeuwarder Poëzie Avond in debatcentrum De Bresmet dichters/verhalenvertellers Henk van der Veer, John Eskes, Douwe Kootstra, Sigrid Kingma, Peter Vermaat, Renske de Roos, Bennie Huisman, Menno Dokter en Klaas Kasma. De muziek wordt verzorgd door Jelmer van der Wal en Rocking Ronnie. Het programma begint om 20.30 u en zaal gaat open voor publiek om 20.00 u. Entree: € 5.De Bres, Schoolstraat 4 Leeuwarden.… Lês fierder

Josse de Haan

JEL DAS – ta neitins

logo.ensafh

– Leave Jel-

Wat my heucht binne dyn lippen en dyn mûle
De wurden dy’t dêrtusken ferskynden
De folsleine ienheid fan ynhâld en foarm
De ultime ekspresje fan dy waarme close up.

Hiest it stal en de linigens fan in trapeezjewurkster
Eagen mei tagelyk fraach en antwurd en 2 fonken
Hier dat om dyn holle skittere en dûnse
Ast mei dyn hannen en fingers spilest en pratest.

Wiest net te fangen yn in ramt of in teaterwet
Leist aksinten dêr’t oaren wifelen en twifelen
Lietst de minsken achter de wurden sjen
Toverest de bylden foardat se echt ûntstiene.

Mear as emosjoneel bestridest de sinne soms
Mar as de spot fan it toaniel nachts yn de herberch
Op dy rjochte wie, waardst sels in stjer fol fjoer
Mei lea en wurden betsjoendest harkers en taskôgers.… Lês fierder

Ein oan Kristlik Frysk Selskip

logo.ensafh

It Kristlik Frysk Selskip organisearret snein syn lêste aktiviteiten. De organisaasje, dy’t him ynset foar it yn de tsjerken brûken fan it Frysk en de Fryske streektalen, hâldt nei mear as 100 jier op te bestean. Belangrykste oarsaak is de ferâldere organisaasjestruktuer fan it selskip. In diel fan it wurk sil no oernaam wurde troch in nije stifting, dy’t de namme Krúspunt krigen hat. It Kristlik Frysk Selskip hat der ûnder oare foar soarge dat de bibel yn it Frysk beskikber kaam.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

Undersyk nei taal yn Fryslân

logo.ensafh

Yn 2018 komt der in grut ûndersyk nei taal yn Fryslân. Dêrfoar hat Goffe Jensma, perfester Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins, tongersdei yn Frjentsjer de plannen presintearre. Jensma die dat op it Krystkongres foar Fryske studinten. It ûndersyk makket diel út fan de aktiviteiten yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Der sille tsientûzenen minsken oan meidwaan.

As Ljouwert Kulturele Haadstêd net trochgiet, sil it ûndersyk yn lytsere foarm dochs trochgean. It giet net inkeld om it Frysk, mar ek om oare talen. It ûndersyk hjit Landscape of Languages.

Yn it ûndersyk moatte minsken ûnder oaren yn in deiboekje byhâlde hokker taal oft se tsjin wa prate.… Lês fierder

13-01-13 Ferhaletocht yn Alde Leie

logo.ensafh

Ferhaletocht yn Alde Leie op snein 13 jannewaris 2013

It tema fan dizze kulturele middei is: Famylje!

Op sneintemiddei 13 jannewaris 2013 sitte 4 fertellers op ferskillende lokaasjes yn it doarp Alde Leie klear om jim harren (famylje)ferhaal te fertellen. It doel is dat dizze aktiviteit jild opbringt foar de ferbouwing fan doarpshûs Us Gebou, mar op syn minst like belangryk is it dat elk in moaie middei hat en mei goede ferhalen en nei in goed miel iten tefreden wer op hûs oangiet.

De fertellers binne: Gjalt de Groot út Holwert (ferneamd om syn fjildferhalen), Jannie de Jong út Alde Leie (bekend út it ûnderwiis), Janneke Spoelstra út Alde Leie (bekend fan twa dichtbondels en in ferhalebondel) en Hilda Talsma út Warten (ferneamd om har twa romans).… Lês fierder