Priis foar Frysktalich artikel

logo.ensafh

Op de Nijjiersresepsje fan de gemeente Littenseradiel sil it gemeentebestjoer in priis fan € 500,– útrikke foar de bêste Frysktalige bydrage oan de ‘doarpssjoernalistyk’. De nominearre doarpskranten binne De Hiele Toer út Jorwert, De Baarder Kat út Baard en foar de twadde kear Nijs.DOK út Winsum. De ‘Karkommisje Frysktalige doarpssjoernalistyk Littenseradiel’, dy’t alle bydragen besjoen hat, fûn it nivo fan de stikjes diskear behoarlik heech. De trije nominearre stikjes ûntrinne inoar neffens de sjuery net foller. De artikels dy’t foar de priis yn ‘e beneaming komme binne ‘Vamos’ út Nijs.DOK; ‘Bewaar uwen hoed’ út De Hiele Toer en ‘Heel Gallië’ út De Baarder Kat út Baard.… Lês fierder

Ferneamde skriuwers yn Gewest Fryslân

logo.ensafh

In eigen taal, in eigen boekewrâld, dat is it byld fan Fryslân. Mar dy boeken moatte skreaun wurde, dy moatte printe wurde, dy moatte útjûn wurde en dy moatte ferkocht wurde. Oars is der neat oan. Yn trije reportaazjes út ferskillende jierren is te sjen hoe’t dat yn Fryslân barde. It skriuwen dienen je der by, it printsjen moast der tuskentroch, de útjouwers woene inkel as der subsydzje betelle waard en foar de ferkeap waarden skriuwers yn in lyts boekebuske troppe en dy moasten har eigen en in oar syn wurk ferkeapje. Jûn yn Gewest Fryslân: reportaazjes út de jierren 1967, 1969 en 1973, mei ferneamde skriuwers lykas Trinus Riemersma en Rink vd Velde.… Lês fierder

Wedstriid nije Fryske wurden

logo.ensafh

Tusken krysttiid en âld en nij binne der grif minsken dy’t harren bûge wolle oer de Fryske oersetting fan “aandachtsjunk” of “graaibonus”.

Alle jierren ferdwine der yn alle talen wurden of se reitsje hieltyd mear yn ûnbrûk. Mar der komme ek wer nije wurden by. Net alle nije wurden wurde úteinlik opnommen yn de taal. It hinget ôf fan de gebrûkswearde. Sa sil “Grexit”, Grikelân út de euro, it wol net helje, mar “betaaltelevisie” wol. It “Instituut voor Nederlandse Lexicologie” hâldt foar de Nederlânske taal by hokker nije wurden ûntsteane. By de Fryske Akademy wurdt al fan de oprjochting ôf yn 1938 wurke oan wurdboeken.… Lês fierder

Obe Postmapriis bliuwt

logo.ensafh

De kultuernota ‘Grinzen oer’ is werskreaun en bysteld. Wichtige punten binne: De Obe Postmapriis foar oersettingen bliuwt, de Fedde Schurerpriis foar debuten ferdwynt lykwols. De Gysbert Japicxpriis wurdt gjin oeuvrepriis. De Provinsje hopet op in publykspriis foar Fryske literatuer, dy’t dan troch oaren betelle wurde moat. Under oaren de literêre tydskriften Ensafh en de Moanne falle ûnder de ‘basisynfrastruktuer fan de kultuer’.… Lês fierder

Brief Skriuwersboun oan en oer de Fryske Akademy

logo.ensafh

Oan de Fryske Akademy
Postbus 54
8900 AB LJOUWERT

Ljouwert, 7e fan de wintermoanne 2012

Achte bestjoer,

De lêste tiid stiet de Fryske skriuwerij, mei troch de oansetten om te kommen ta in nije provinsjale kultuernota, middenyn de belangstelling. Rûnom wurdt neitocht oer in belied dat rjocht docht oan de Fyske kultuer yn it algemien en de Fryske skriuwerij yn it bysûnder. Hjirby giet it fakentiids oer de manier wêrop’t subsydzjestreamen it bêste ynset wurde kinne, lykas om rânebetingsten as de literêre prizen.

Wat noch net folle omtinken krigen hat, is de skôgjende kant op de Fryske literatuer. Hjirfoar falt te tinken oan de betsjutting fan de Fryske literêre blêden, mar ek de Fryske Akademy hat hjiryn fanâlds in wichtige taak hân.… Lês fierder

27-12-12 presintaasje De Pest

logo.ensafh

Skanomodu-lid Syta Bakker-Palma hat in Fryske oersetting makke fan De Pest – Allegory fan in beset lân fan Albert Camus.

It wurk wurdt feestlik presintearre op tongersdei 27 desimber 2012, fan 15:00 oere ôf yn Tresoar.

Programma:

Ynrin 15.00, start programma 15.30
Wolkom
Sybe Bakker: Libben en wurk fan Camus
Syt Bakker-Palma: It boek De Pest
Elida Bakker-Sauër: De sykte pest
Oanbieding earste eksimplaar
Muzyk: Johan Bakker… Lês fierder