Grutte gedichtejûn fan literêr tydskrift Ensafh

logo.ensafh

Yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 31-01-2013 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden:

– Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, dat jildt ek foar streek- en oare minderheidstalen.… Lês fierder

Advyskommisje Gysbert Japixcpriis bekendmakke

logo.ensafh

De provinsje hat trije Fryske literatuerkenners oanwiisd foar de advyskommisje foar de Gysbert Japixcpriis. It giet om literatuerwittenskipper en skriuwer Jetske Bilker, literatuerhistoarikus en heechlearaar Frysk Goffe Jensma en oersetter Jantsje Post. Sy advisearje de provinsje oer wa’t winne moat. De Gysbert Japicxpriis wurdt ienris yn de twa jier takend. De iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. Yn 2011 wûn Durk van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis foar proaza, yn 2013 giet de priis nei poëzy.

Boarne: Omrop FryslânLês fierder

nr. 6 (jiergong 2012) fan ensafh is út

logo.ensafh

It sechsde nûmer fan 2012 fan ensafh yn print is ferskynd. Hjir ûnder stean de ynhâldsopjefte en ek it redaksjoneel. Foar it nimmen fan it abonnemint sjoch ûnder Abonnemint.

Losse nûmers binne te keap by de boekhannel en kinne ek besteld wurde, sjoch dêrfoar ek it mailadres ûnder Abonnemint.

Ynhâld ensafh nû. 6 yn print

3 Redaksjoneel

Jelma Knol
4 Seemearmin yn ’e grutte stêd (besprek fan Seemearmin fan Albertina Soepboer)

Geart Tigchelaar
6 Luxuria (poëzy)

Michel Dijkstra

7 Memmebern meitsje dy ree foar de striid! (besprek fan Bhagavad Gita –It liet fan God. It boek fan de joga.Lês fierder

05-01-12 De Literaire Avond III

logo.ensafh

Schrijvers, dichters, muzikanten en comedians in de Bres

5 januari 2012
Debatcentrum de Bres

Op zaterdag 5 januari 2013 zal in Debatcentrum de Bres in Leeuwarden alweer de derde editie van de Literaire Avond plaatsvinden!

De Literaire Avond is een jaarlijks terugkerende voorstelling waar nieuwe en nog onbekende schrijvers, dichters, muzikanten en comedians samen met oude rotten uit het vak elk een tiental minuten het podium betreden om het publiek in de Bres kennis te laten maken met hun nieuwe of oude werk.

Elk jaar doet de organisatie van de Literaire Avond zijn best om voor een mooie programmering te zorgen en de line-up voor deze derde editie van de Literaire Avond is een line-up waar wij behoorlijk trots op zijn.Lês fierder

Tryntsje van der Steege

Nij op ‘e planke – Desimber 2012

logo.ensafh

Poëzij

Atze Bosch

Neilêzing

KFFB, Dokkum 2012

ISBN 97890 7491 8930

Ferkeappriis € 15,00

In letbloeier, sa soe men de dichter Atze Bosch (1927-2011) wol neame kinne. Syn earste eigen dichtbondel Alles op syn tiid ferskynde pas yn 2009. Doe’t syn ierdske libbensreis dien wie, lei der noch mear as genôch om in twadde bondel út te jaan. Dat is Neilêzing wurden.
Bosch syn teksten sprekke oan troch suver en linich taalgebrûk en springe der bytiden út troch geastige en geastlike rykdom.

Atze Bosch begûn syn dichterlik wurk as oersetter fan koarlieten foar it Kritekoar yn Hilversum, dêr’t er doe syn wurk hie.Lês fierder

Koart ferslach bestjoersgearkomste Skriuwersboun 29 novimber 2012

logo.ensafh

Koart ferslach fan de bestjoersgearkomste op 29 novimber 2012

* Ynkommen stikken
– Mail fan Josse de Haan oer de stân fan saken by de Fryske Akademy. It jild wurdt fral útjûn oan it safolste taalûndersyk. Der soe folle mear omtinken foar de Fryske literatuer komme moatte. We kinne ús hjir yn fine en sille in brief hjiroer nei de Fryske Akademy skriuwe, mei in ôfskrift derfan nei de Steaten.
– Utnoeging bywenjen oanbieding bondel oer Jan Wybenga yn Warten. Auck hat hjir hinne west.
– Takenning fan de subsydzje foar it Literêr Sirkwy. Dizze is fêststeld.
– Brief fan Willem Verf, dit is in ôfskrift fan syn brief nei Deputearre Steaten: syn fyzje op de Gysbert.… Lês fierder

Hanta en De Contrabas bundelen krachten

logo.ensafh

Liliane Waanders en Bouke Vlierhuis van Hanta zullen per maandag 3 december december de gelederen van De Contrabas komen versterken. Daarmee krijgt De Contrabas een algemeen literair profiel.

De drie auteurs zullen laten zien dat er online ‘(…)op een hoog niveau literaire kritiek wordt bedreven, en [dat] de klassieke journalistieke waarden van onafhankelijkheid en gedegenheid onverminderd betekenis hebben,’ zoals Auke Hulst deze week over De Contrabas schreef in De Groene.

Behalve een meer gevarieerde inhoud, zal De Contrabas deze maand met nóg een nieuwigheid komen: Attention on demand. Morgen, 3 december, gaat daarover een persbericht uit. Online literaire kritiek en journalistiek heeft de toekomst.… Lês fierder